Sneon 6-5-2017

Weppers freed 5-5-2017
5 mei 2017
Weppers moandei 8-5
8 mei 2017

 

9:00 SDS JO17-2d – SJO Bergum BCV Combinatie JO17-4  13-1
9:30 SDS JO11-2 – Annaparochie St. JO11-2  2-2
9:30 SDS JO9-2 – Franeker SC JO9-3  9-0
10:55 SDS JO13-1 – FVC JO13-2d  17-0
12:30 SDS MO15-1d – Buitenpost MO15-1d  4-3
14:30 SDS 2 – Waterpoort Boys 2  1-0
9:00 Arum JO9-2 – SDS JO9-3  3-7
10:00 LAC Frisia 1883 JO11-14d – SDS JO11-4  5-2
10:00 Black Boys MO15-1d – SDS MO15-2  0-0
10:15 Irnsum MO13-2 – SDS MO13-1  8-0
10:30 Flevo Boys JO15-3 – SDS JO15-1  0-4
11:00 QVC JO13-1G – SDS JO13-3  12-1
11:00 MKV’29 JO11-5 – SDS JO11-3  3-2
11:15 Franeker SC JO11-2 – SDS JO11-1
12:00 CVVO JO19-1 – ST SDS/Scharnegoutum’70 JO19-1  2-0
12:15 ONS Boso Sneek JO15-3d – SDS JO15-3  8-2
13:15 SJO Broekster Walden JO15-2 – SDS JO15-2  7-0
14:00 QVC VR1 – SDS VR1  1-4
14:30 SVM 1 – SDS 1  0-1
14:30 Balk 4 – SDS 4  2-3

SVM 1 – SDS 1

Yn de 87ste minút foel de beslissing: Erik Haitsma makke it breanedige doelpunt en besoarge SDS trije punten. Neffens de trainer fan SVM wie Erik de beste man fan it fjild en wat hij noch mear allegear fynt kinne jim hjir heare yn dizze kreakhelder analyse dy’t hij foar de radio yn de polder die.

QVC Vr1 – SDS Vr1      1-4

In fantastysk begjin foar keepster Alize Bootsma yn Starum. Sij stop yn de tredde minút in strafskop.

Minút 33: Jeska Terpstra 0-1
Minút 51: Jeska  Terpstra 0-2
Minút 66: QVC 1-2
Minút 71: Jeska Terpstra 1-3
Minút 85: Tjitske Heeres 1-4

SDS 2 – WPB 2     1-0

Gisteren de laatste wedstrijd van het seizoen voor sds 2. En dan is het ook nog een derby tegen wpb.
Voor beide stond er niks anders meer op het spel dan de eer.
Voor het eerst dit seizoen maar net genoeg spelers, gelukkig was Jan Simon van ’t 3e bereid om ons te versterken.
De eerste helft ging redelijk gelijk op, al waren de beste kansen voor ons. Zelfs een strafschop bracht niet de verdiende voorsprong, Pieter, meestal goed voor dit soort kansen, miste, en ook de rebound ging via de lat niet in de goal. Een fantastisch schot van Wietse ging via lat en paal weer het veld in.
In de 43e min dan toch de voorsprong, een goede aanval via Jurjen, Gerrit en Arjen. Deze laatste ronde beheerst af en de 1-0 was een feit.
De tweede helft leverde geen goals meer op, zodat de goed leidende Dennis Vinke om 16.15 affloot en het seizoen er op zit voor sds 2.
Slechts 1 verliespartij, 2 x gelijk en de rest winst. SDS 2, jullie kunnen met recht trots zijn op dit fantastische seizoen, het is gebleken dat een sterk collectief zijn vruchten afwerpt. Namens Jeroen en ondergetekende, BEDANKT!!!!
Grote klasse.
En namens heel SDS 2 langs deze weg nog even voor Jeroen, veel beterschap jonge…. En een spoedig herstel. 😜
Boudewijn Kramer

Balk 4 – SDS 4     2-3

Mei doelpunten fan Ruun,  Jelte en Peter helle SDS 4 in kreaze oerwinning yn Balk

SDS-Scharnegoutum JO 19-1


It optreden fan SDS JO 19-1 yn de haadklasse wie net echt suksesfol wat it oantal punten oangiet. De sfear lykwols wie prima en dat is ek wat wurdich. Hjoed “fierden” se de degradaasje of de ein fan it seizoen.

Flevo Boys JO15-3 – SDS JO 15-1

SDS JO15-1 spylet in prima wedstriid en pakt 3 punten yn e polder tsjin Flevo Boys.
Utslach: 0 – 4.
Theo

Irnsum MO13-2 – SDS MO13-1

Hjoed mochten we nei Jirnsum ta. It is in bewogen jier wer de ynfloed fan Van Breukelen’s negatyf belied sels yn de ûnderste regionen fan de famkes kompetysje oanwêzich is. Nei de ‘leeftyd-gate’ fan in doarp mei in hiele grute toer wer in MO15 team mei docht yn in MO13 kompetysje en der punten ôftrek foar krije en die letter fia de Van Breukelen brutsen belofte wer ûngedien makke wurd, mochten we hjoed wer tsjin fammen die mear krêftfoer krije en gemiddeld in kop grutter binne. No binnen ús fammen ek net sa grut, dus iennige nuânse is wol op syn plak en oerdriuwe is ek in fak.

De wedstriid begjint gút, we hâlde lang de 0 – 0 fest en ha sels grute kânsen. We dogge gewoan mei, mar is de rêststân 2 – 0. Coach Peter jout noch wat ynstruksjes yn de rest, mar de einútslach is 8 – 0.

Dan tinke je dat ús fammen net mei dien hawwe, mar neat is minder wier. It wie in wedstriid fan as,……………………………………………………………………………. is ferbrâne turf.

Mar as, Minke P. de latte net twa kear rakke hie en skoart, as Larissa net haast trije kear skoart hie mar echt skoart, as Nynke net foar iepen goal mist, as Marre net nei trije kear gút ynsetten op de keeper stuit, as Judith sân kear frij baan kryt en lekker nei de goal kin pingelje, as Rixt har lytste tean der tsjin oan krije kin foar de goal, as Lisa in kop grutter wie en in pear ballen mear út de goal hâld, as Menna net ûnderút helle wurde doe hja op goal sjitte soe, as ……………… dan hie it samar 8-4, as 8-6 , as miskien wol 8 gelyk wurde kinnen!

It wie in moaie fuotbal moarn, wer ik myn âlde skoalmaat Peter Groenveld en syn frou Janke wer tsjin kaam en wer efkes byprate koe dus ik ha mar de helte sjoen fan wat der echt barde.

Friso A. út Hidaard.

Efkes Balje

Fuotbalje dat diene wij froeger op de Terp yn Wommels.
“Poatsje” en dan koe it los.
Wij moasten altyd 6 oere ite.
Bij de measten wie dat sa.
Dat wie in tiid fan neat.
5 oer seizen wie better, want dan koenen wij at de klok de earste fan de seis sloech gelyk ophâlde en nei hús drave om net te let te wêzen.
Soms kaam ik kertier oer seizen thús: “de klok net heard” wie it swakke ferwear wylst wij yn de skaad fan de toer fuotballen en de klok net ien kear mar seis kear slein hie. Boppedat liede hij dêrnei ek noch.
Bij it Efkes Baljen is de iene slach fan 20.30 oere de ein fan de earste partij en it begjin fan de twa winnende doelpunten.
Dat giet meast goed mar soms net.
Soms is de wyn al wiken noardlik. Dan kinne je op de Gouden Ingel de iene slach heare mar net op it fuotbalfjild. In earnstige tekoartkomming fan dizze klok (wannear wurdt dy ferfongen) kinne je sizze mei grutte gefolgen.
Soms.
Sa as juster.

At dan al dik oer healwei njoggenen de âldste (en lit ús der mar fan útgean op dat momint dus de wiiste) samar ropt “wij dogge de twa winnende doelpunten”.
Protesten fan lofts en fan rjochts. “Dit is tsjin alle rigels, de klok….de klok…”

Ploechje 6, dy’t op dat momint mei 4 ferskil foarstie, protestearden it hurdst wylst sij kollektyf in giele kaart ha moasten fan wege tiidlûken yn de slimst kategory.
Mar hawar, de finale begjint ûnder protest.
Mar de ein fan “wat in Efkes Baller ferdrage kin” is noch net foarbij. It gewraksel om earst mar ien winnend doelpunt te meitsjen duorret mar en duorret mar.
De ferstandichste tinkt at de klok aansens njoggen kear slacht wat ek net ien heare sil, binne wij like fier.

Dus gewoan roppe: Wij dogge ien winnend doelpunt.
“Kin net, spulrigels feroare tidens de wedstriid” it protest komt fan links en rjochts. De tsjinarguminten wurde âldelsekonde yn oerwaging naam en fuortfage. “Ien doelpunt”….
En dan komt de antiklimaks nei in pear minuten….. In doelpunt en wat fan ien. “Metsfiksing”, ropt soan Foeke Dirk wylst hij heit Douwe Dirk dochs mar lokwinsket mei de skitterjende kopbal nei in bizarre foarset fan Wouter, dy’t bij de oare partij hearde.
Sjoch dat Wouter dat docht jout al oan dat it allegear te lang duorre hie. De koordinaasje fan de measten rekke fuort en dat wie net allinne mei dizze aksje te merken mar ek mei de “wartaal” fan sommigen nei ôfrin, it feit dat ien de ballen op folchoarder yn it net ha woe en dat sels de koordinaasje yn de auto fiet te sykjen wie.
Ploech 6 dy’t tige doeltreffend wiene yn de earste partij en hiel goed witte hoe’t je in bus parkeare en it tiidlûken yntrodusearre ha: Menno, Johan, Foeke Dirk, Wouter, Pieter en Theo
Ploech 7 dy’t de earste partij in oantal swakke minuten hiene en de twadde partij wûnen: Harry, Ferrie, Jesse, Douwe Dirk, Klaas, Frank en
Aant