Weppers moandei 8-5

Sneon 6-5-2017
5 mei 2017
Weppers tiisdei 9-5
9 mei 2017

Sneon DJ Sjouke

Sneon komt nei de wedstryd SDS 1 – Heerenveense Boys 1 DJ Sjouke om mei ús in feestje te bouen. Hawwe jim jim plaatsjes al fan de souder helle?

SDS JO13-2d

Jûn om 18.30 oere spilet SDS JO13-2d in thúswedstriid tsjin Leovardia JO13-2.

Traine

Om ’t der jûn in kompetysjewedstryd op keunstgers is kin der jûn tusken 18.00 oere en 20.00 oere net op keunstgers traind wurde.

SDS VR1

Ek woansdeitejûn is der in thúswedstriid op de Skoalleseize. SDS VR1 moatte it dan opnimme tsjin DWP VR 1. It ljocht sil dêrbij wol oanmoatte want it begjin om 20.00 oere.

Clarence Klassemint

Wij wachtsje noch op in Clarence sluier foto fan Pieter Kamstra. Hij miste in strafskop sneon bij SDS 2.

SDS 1

Kommende sneon de lêste wedstriid yn de tredde klasse A foar SDS 1. De measte beslissingen binne dêr noch net fallen. Boppeyn kin de Griffioen it kampioenskip pakke troch in oerwinning op SVM, wêrbij dy lêste klup degradearret.
Underyn giet it om NOK dat de neikompetysje net mear ûnrinne kin, mar ek noch streekrjocht degrdeare kin at SVM tsjin Griffioen in goeie dei hat en sij sels net winne fanWPB. Foar it oare neikompetysjeplakje giet it om Waterpoort Boys, dat winne moat en SDS en Bant, dy’t harren beide feilich spylje kinne mei in gelykspul.  It doelsaldo kin ek noch fan belang wêze en dan stiet SDS der it bêste foar.  Wij soene sizze nei de off-day fan QVC sneon soe it moai wêze at Loet Boot syn mannen tsjin Bant op skerp set en wint….
De tsjinstanner fan SDS sneon , Heerenveense Boys hat neat mear te winnen en te ferliezen. En wij witte allegear dat se hiel graach yn Easterein komme dus sille se der alles oan dwaan om SDS yn dizze klasse te hâlden.

Punterke

Sneon makke Erik Haitsma foar SDS 1 yn de 87e minút de winnende goal tsjin SVM. Hy hie al in pear kear earder op goal sketten sawol mei de wreef as binnenkant foet, mar dat dy gjin fertúten. In punter die úteinlik mear fertúten. Dit sille Erik syn nije fuotbalskuon dan ek wol wurde:

Afbeeldingsresultaat voor voetbalschoen punter

Harsens derby (1885)

Ek as ferdediger moatte je gewoan je harsens derby hâlde! 😉