Weppers freed 3-3-2017

SDS-League: FC Van Tuinen pakt de wykpriis!
2 maart 2017
Sneon 4-3-2017
4 maart 2017

SDS 1 oefent

Sneontemiddei om 16.45 oere oefent SDS 1 yn Easterein tsjin Emmeloord 1, de ploech fan de eardere SDS trainer Dick Schuurman. Om 16.00 oere melde de folgjende spilers harren:
Bauke, Erik, Jacob Klaas, Teun, Wiebe, Remco, Hendrik, Tsjipke, Marco, Pieter, Elger, Anne, Gert Ja, Gerwin, Frank, Jorrit.

SDS VR1 oefent

Kommende sneon oefent SDS VR1 út tsjin Berlikum VR 1 om 12.00 oere. De seleksje giet om 10.00 fuort en sjocht der sa út: Alize, Lysanne, Hester, Sieta, Akke Rixt, Amarins, Gerry Edou, Alissa, Geeske, Tjitske, Jeska, Janieke, Sanne Rixt.
Flagger: Simon Kingma

SDS 2 spilet kompetysje

Sneon om 12.15 oere spilet SDS 2 as ienige fan de seniorenalvetallen in kompetysjewedstriid. Sij moatte nei de Wâlde. De seleksje, dy’t jim om 10.45 útwuive kinne,  sjocht er sa út:
Ewout, Marten, Gerrit, Wietse, Feite, Martijn, Dirk, Pieter, Jurjen, Bote, Jort, Tjeerd, Ralph, Jesse.
Riders binne: Bote, Jort, Tjeerd, Dirk

Bofkonten (1)

De jonges fan SDS JO17-1 binne sneon de bofkonten, Sij moatte fuotbalje tsjin Terschelling JO17-1d. De wedstriid wurdt om 13.00 oere spile….

Bofkonten (2)

De jonges fan sc Terschelling JO11-1 binne ek bofkonten. At je dan nei de wâl moatte te fuotbaljen dan graach nei Easterein fansels. Want yn eardere tiden doe’t Hollanders noch oerhearsken, neamde se Easterein Oosterend en dat doarp leit noch wol op Skylge.
SDS JO11-1 is om 10.15 te tsjinstanner.

SDS’ers der op út!

Ek dit wykein binne der wer wat SDS’ers op út. Boudewijn, Almar, Inne, Johan en Pieter binne op wei nei Barcelona om dêr moarntejûn Barcelona – Celta de Vigo te sjen.

Efkes Balje

Jûn op it bekende tiidstip Efkes Balje…

Lokwinske!

Lourens van de Pol is hjoed jierdei! Hy wurdt al wer 20 jier! Fan herte lokwinske!

Cambuur


Opfallend juster bij de boeiende bekerwedstriid fan Cambuur wie it spandoek mei de tekst: Wij gaan naar de Kuip. Nei de dramatysk nommen strafskop fan Barto hong der in oar doek bij……

Harsens derby (1842)

Ho……