Weppers freed 3-12-2021

Weppers tongersdei 2-12-2021
2 december 2021
Sneon 4-12-2021
3 december 2021

Sûnder publyk

Ek sneon 4 desimber 2021 sil de boeken yn gean as in fuotbaldei sûnder publyk.  Noch altiten sitte wij mei allegear rigels dy’t ferbiede dat der publyk efter it stek stiet nei it fuotbal te sjen. Ek de Bunnikside bliuwt wer leech.

Kantine

Wylst wy as feriening net ien bûten slúte wolle binne ek wy ferplichte om te kontroleren op de QR-koade yn de kantine……. De kantine is allinnich iepen foar fuotballers en frijwilligers mei in funksje.

SDS 1

SDS 1 falt yn kategory A. Sij hawwe gjin reguliere kompetysje, mochten ynhelje, mar de tsjinstanner woe net. No sille se oefenje yn Frjentsjer tsjin 4e-Klasser sc Franeker 1. It begjint om 14.30 oere en dizze seleksje wurdt om 13.00 oere yn Easterein ferwachte, om 13.30 oere yn Frjentsjer foar de bespreking en 14.00 oere foar it waarmdrafen:
Jaap©️
Luuk
Remco
Erik
Gerwin
Jelte-Pieter
Wiebe
Douwe
Teun
Pieter
Wierd
Peter
Steven
Sjoerd
Wesley
Stan
Lourens

Traind

SDS 1 hat fannewike dochs noch in mooglikheid fûn om te trainen. Sy dienen dit juster fan 16.00 – 17.00 oere yn Easterein. It slagge 10 man om oanwêzich te wêzen.

SDS 2

SDS 2 falt yn kategory A en sij hawwe gjin reguliere wedstriid. Der is neat yn te heljen dus binne se frij.

SDS VR1

SDS VR1 sit yn kategory A en hawwe gjin reguliere wedstriid. Der is noch wol wat yn te heljen dus soene se nei Berltsum gean kinne om it op te nimmen tsjin de froulju üt Berltsum, Bitgum en Sint Jabik.
Ek dizze wedstriid giet net troch

SDS 3 – NOK 2

SDS 3 falt yn kategoary B en sij hawwe in reguliere wedstriid. OM 14.30 oere tsjin NOK 2. Dat de mannen fan SDS 3 nocht hawwe om te baljen mei dúdlik wêze. Elkenien fan de seleksje is oanwêzich útsein in pear blessearden. Dizze seleksje wurdt om 13.30 oere op it sportpark ferwachte:
De seleksje: Frank, Jelmer, Bote, Anne, Jildert, Willem, Tsjipke, Mark, Jacob-Klaas, Habtamu, Mark, Piter, Yward, Haije-Jan en Kees.

SDS 4 – Makkum 4 g.n.t.

SDS 4 sit yn kategory B en soenen bliid wêze dat se gewoan spylje kinne.  Makkum 4 soe op besite komme en om 12.15 oere ôftraapje. Spitich genôch is de seleksje fan Makkum 4 net grut genôch en giet de wedstriid net troch.

Leovardia 7 – SDS 5

It foarbyld fan kategory B. Traine (ek net foar fiven) docht er net ta, gewoan sneons lekker balje, meast winne en dat dogge se sneon yn Ljouwert tsjin Leovardia 7. Om 14.30 oere . Sy fertrekke om 13.15 oere.
De seleksje: Dirk, Hendrik, Doede-Douwe, Feite, Gert-Jan, Jan-Simon, Jeroen, Klaas, Robert, Ronny, Wiltsje, Niels en Robin.

Harsens derby (2331)

Der mei klapt wurde.