Sneon 3-2-2018

Kompetysje-yndielingen SDS-jeugd foarjier
2 februari 2018
SDS VR1 op bekerkoers…
4 februari 2018

 

fjild
08:45 ST SDS/Nijland JO15-2 SC Bolsward JO15-2 2-14
10:30 ST SDS/Nijland JO15-1 SJO Oudega/HJSC/Heeg JO15-3 6-1
12:00 ST SDS/Nijland JO15-3 Oosterlittens JO15-1 0-8
14:30 SDS 4 Mulier 3 g.n.t
14:30 SDS 1 Oeverzwaluwen 1  0-3
12:30 Makkum 4 SDS 3  2-3
12:30 SVM VR1 SDS VR1 (beker)  2-5
Seal
09:00 SDS JO10-1 Buitenpost JO10-1
09:40 Blauw Wit ’34 JO10-2 SDS JO10-1
11:20 SDS JO11-1 MKV’29 JO11-3
11:40 SJO Feanstars JO10-1 SDS JO10-2
12:20 Frisia JO11-6 SDS JO11-1
12:20 SDS JO10-2 Drachtster Boys JO10-3
14:40 SDS MO13-1 Heerenveense Boys MO13-4
15:30 Akkrum MO13-3 SDS MO13-1

SDS 1 ferliest

Soms  is der net folle oan om in wedstriidferslachje te skriuwen. At wint SDS 1 is dat makliker as wannear se ferlieze.  En at se ûnnedich ferlieze dan wolle de wurden ek mar min op it skerm komme. Hjoed is it sa’n dei. Skriuwe oer de earste helte fan SDS 1 – Oeverzwaluwen 1 is net leuk. De ploech strielde lamlendichheid út en kreearde 1 grutte kâns…. Frustraasje levere ek noch in reade kaart op foar Erik Haitsma. Op dat momint stie it al 0-2. Oeverzwaluwen makke gebrûk fan de ûnmacht fan SDS en strafte flaters ôf.
De wurden oer de twadde helte komme der flotter út. Trainer Marco Hoekstra wiksele gelyk trije man yn it skoft, sette wat dingen om en SDS like wol in man mear te hawwen ynstee fan in man minder. Kombinearjend, passend yn de frije romte it wiene moaie oanfallen en Oeverzwaluwen moast werom.

It levere gjin doelpunt op foar SDS mar wol goodwil bij it publyk. Oeverzwaluwen makke krekt foar tiid noch wol de 0-3 en dêrmei in ein oan in wedstriid mei twa gesichten.  At se de spirit fan de twadde helte nei nije wike sneon bringe kinne, dan kinne wij dan miskien wer in folsein stikje mei nocht skriuwe. De wedstryd tsjin QVC nije wike begjin op ‘e nij om 14.30 oere.
Op de Facebookside fan Henk Bootsma kinne jim noch allegear foto’s fine fan SDS – Oeverzwaluwen (klik hjir).

Pupillen fan de wike

Tygo Zijlstra en Wiebren Tamminga wienen by SDS 1 – Oeverzwaluwen 1 de pupillen fan de wike en gienen mei harren favoriten Matthijs Postma en Gerwin Sijbesma op de foto.


Foto Henk Bootsma

SDS VR1 troch yn beker

Punten út de polder helje is in moaie bezichheid. SDS VR 1 helle in prachtige oerwinning tsjin SVM Marknesse VR1. It wie in wedstriid yn de twadde ronde fan de beker en sa bliuwt SDS VR1 moai meidwaan yn dat toernooi.
It begong oars net geweldich dêr yn it winterske Marknesse (letter op de middei waard in oefenwedstriid staakt fanwege sniefal).


It opwaarmjen sil wol goed west ha mar it earste kertierke net. 2-0 efter… En doe wiene dêr Tjitske en  Hester foar it skoft en Sanne Rixt, Sieta en Seriette mei it skoft.  Einstân….

De miening fan de ferliezende trainer oer syn ploech kinne jim hjir heare. In foaral neatsizzend petear is it wurden, wêrbij je net de yndruk krije dat SVM ek in tsjinstanner hie….

SDS JO15 -1 troch yn de beker

Jens Hiemstra hellet mei in moaie aksje de efterline….


SDS JO 15-1 helle in kreaze oerwinning yn de bekerstriid tsjin OHH.
Mei in foarsprong fan 2-1 gyngen se net hielendal gerêst de klaaikeamer yn, mar doe’t de 3-1 foel wie de spanning fuort en rûnen se maklik út nei 6-1.

SDS MO13 2e yn de sealkompetysje

SDS MO13 is twadde wurden yn de sealkompetysje. Dat is wol in blomke wurdich. En in krease foto fansels!

foto van Trudy Postma.

 

Oud en wijs (Menno) tegen jong en wild ( Klaas)

Aant schreef vorige week over Heintje Davids. Nu: ik kan u verzekeren dat die het makkelijker had met zijn comebacks dan uw correspondent.
Niet vanwege het tekort aan conditie of wedstrijdritme. Nee, dat is nog wel op te vangen. Het gaat om de regels. Ooit was het simpel: half acht starten, tot de toer half negen sloeg en dan winnende twee. Momenteel leven we in een nieuwe tijd. Het zal wel met lf2018 te maken hebben. Cultuurbrengers dwingen immers altijd iedereen om alles los te laten en uit de box te denken. Om dat te kunnen moest ik wel in de box blijven oftewel ik wilde na het efkes baljen nog even naar de blauwe zee op het zaailand, dus ik rekende op 20.45 als eindpunt. Dit bleek buiten de waard gerekend. Na een tijdje ballen sloeg de klok half negen. J en W stonden voor met 8-7. Ik dacht aan de winnende twee en mijn cultuurgezin die op me zat te wachten.
Tot mijn grote verbazing werd er helemaal niet gestopt. Het werd 8-8 en het ging maar door. Waarom? De regel is nu een uur zuivere speeltijd. Dus later beginnen is langer doorgaan…
Uiteindelijk kwam toch het historisch besef boven en werd aan de finale begonnen. J en W werden als winnaar uitgeroepen van de eerste set. O en W won het eindspel na een subliem doelpunt van Heintje en een identieke bal van Pieter V.
O en W met Menno, Remco, Folkert, Wouter, Ferry, Pieter V. en Heintje D. gingen als morele winnaar van het veld. J en W met Robin, Douwe J., Wybren, Frank, Lieuwe en Klaas keken ook tevreden terug.
Grootste winstpunt: uw correspondent was nog mooi op tijd voor het fantastische schouwspel van Daan Roosengaarde.

Heintje D.