Sneon 28-4-2018

Keningsdeiweppers
27 april 2018
Slagge keepersmiddei
29 april 2018

Hawwe jim wat te melden oer ien fan dizze wedstriden, of hawwe jim in leuke foto of ferslach makke, mail it nei info@vv-sds.nl en sds-nijs@home.nl. En appe kin fansels ek nei 06-55117582.

Keepersmiddei

09:00 SDS JO13-2 Zeerobben JO13-4  2-0
09:00 SDS JO10-1 Joure SC JO10-2  7-1
09:00 SDS JO10-2 SSS’68 JO10-1  7-1
09:00 SDS JO8-1 SC Bolsward JO8-2
10:10 SDS JO9-2 IJVC JO9-2  gnt
10:40 ST SDS/Nijland JO15-1 Blauw Wit ’34 JO15-4 gnt
11:00 SDS JO17-2 ST Arum/Stormvogels JO17-2G  6-2
14:30 SDS 4 Mulier 3  3-2
10:00 Zeerobben JO11-7 SDS JO11-2  3-0
10:10 Tzummarum MO13-1 SDS MO13-1
10:30 Heerenveen JO17-2 SDS JO17-1  4-4
10:45 SJO Oudega/HJSC/Heeg JO19-1 SDS JO19-1  2-1
11:15 Franeker SC JO11-2 SDS JO11-1  4-2
14:30 Walde De 1 SDS 1  0-0
14:30 Mildam VR1 SDS VR1  2-6

de Wâlde 1 – SDS 1    0-0

Twa kear 0-0 spylje yn ien seizoen tsjin deselde tsjinstanner. Dat komt net faak foar. SDS 1 slagget dêr wol yn. It suggereart in wedstriid mei net folle kânsen, in wedstriid yn lykwicht of in wedstriid mei geweldige keepers. Wij binne benijd….

Mei in puntsje en in sjaal nei hûs


Marc Hoekstra trou supporter fan syn heit Robert, trainer bij SDS 1, hie sneon ferlern mei 20-0. Dat fûnen se tige begrutlik bij de Wâlde. As treast krige hij in kreaze sjaal

SDS 4 – Mulier 3       3-2

Je koene op it parkearterrein al heare dat SDS 4 wûn hie. De rokers stiene foar de kantine út te puffen en nei te praten (mei l^yde stimmen) oer dat geweldich doelpunt fan Ralph Wariman ( op dat momint de gelykmakker), oer de fertsjinne strafskop dy’t fansels ynsketten waard troch Eeltsje Postma ( op dat momint ek de gelykmakker) en oer it alles beslissende kopdoelpunt fan Sergio Ramos Hessels.

Mildaam VR1 – SDS Vr1     2-6

Altyd lestich nei de euforyske stimming nei de bekerwinst om de knop wer om te setten en it op te nimmen yn de kompetysje.

Dat slagge hiel goed want troch de kleuren yn de klaaikeamer fielde SDS harren gelyk thús
0-1 Tjitske jout foar, Jeska leit bal klear foar Kirsten en dy skoart.
1-1 Mildam skoart
1-2 Prachtige aksje fan Jeska dy’t sels ek skoart
1-3 In lob fan Tjitske oer de keeper
1-4 Sieta skoart
2-4
2-5 Alissa moai assist en Kirsten skoart
2-6 Jeska makket it lêste doelpunt

VV Hearrenfean JO17-2 – SDS JO17-1          4 – 4

Fuotbalje tsjin VV Hearrenfean op it Skoatterwald. Mei in snacktentsje fan us Abe op it terrein en de haadtrainer fan takom seizoen, Gerald Sibon, langs de line, sil alles hjir wol goed regele weze. Dat sil miskien ek wol sa weze foar F1, E1, D1, C1, B1, A1 en it 1e. Mar ja, wy spylje tsjin de JO17-2 (B2). En dan docht bliken dat der 1 wedstriidbal oanwezig is, wer gjin wyn yn sit. Sels it pompke om de bal op te pompen is der net of is al jierren stikken. En in reserve bal ?? Ek nea fan heart. Gelokkich mar dat wy noch in pear ballen mei hiene…. En werom kamen we ek alwer nei it Hearrenfean ? Oja, om te fuotbaljen. VV Hearrenfean hat in matige ploeg mei in stik of 4 goeie fuotballers en net iens in keeper, mar in spyler op e goal. Mar wy ha de letste tiid sa folle moeite mei it spul te meitsjen. Ballen oer in meter of 5 komme net oan en hieltiid wer fan efterut de lange bal nei foaren en dan mar hope dat ie goed falt.

Dochs binne we deadlik effectief, want ut 3 kansen foar rest witte we 3x te skoaren. Prima goals fan us spitsen Kevin(2x) en Sjoerd(1x). De tsjinstander wit ek 1x te skoaren sadat mei rest 1-3 op it skoareboerd stiet. De twadde helte docht VV Hearrenfean der in skepke boppe op en sy binne de better fuotbaljende ploeg. Se wurde hieltiid gefaarliker en it wachtsjen is op de 2-3. Die falt al fry snel yn de 2e helte en fan us kant wurd it minder en minder. Hielendal fertsjinne makket VV-Hearrenfean 10 minuten foar tiid de lykmakker.

En ja, jim sjogge de bui al hingjen. De skiedsrjochter, die de pensioengerechtigde leeftiid al passearje wie, rekke it spoar wat bjuster. In undudelike beslissing fan him soarche derfoar dat VV-Hearrenfean op 4 – 3 kaam. En leit it dan allegeare oan de skiedsrochter ? Nee, beslist net. De beste man jout us yn de allerletste minut noch in penalty. In kadootsje foar us en de spylers fan it Hearrenfean wurde hielendal gek. De skiedsrjochter kriget hiel wat te ferduorjen en it duorret has wol 10 minuten foardat de penalty nommen wurde kin. Us penaltynimmer Tjitse bliuwt iiskald en docht wat hy dwaan moat, de bal yn it netsje lizze. Foardat it hielendal ut e han rint, fluitet de skiedsrjochter ferstandich foar it einde fan de wedstriid.

Dernei wurde we noch utmakke Friese domkoppen en Friese boeren (en noch folle mear) Opsich wol bysunder foar in team wat spylet mei de pompebleden op e bealch….. Hjir moatte we us mar net te drok om meitsje. We kinne us as lieding better drok meitsje hoe we it fuotbal der wer wat yn krije. Mei noch 3 wedstriiden te gean, sille we probearje om it sa goed mogelik of te sluten…..

Theo.

SDS JO 10-1 zet ongeslagen status door!

Vandaag mochten de toppers zich opmaken voor de thuiswedstrijd tegen joure en wel op het kunstgras! De wedstrijd kwam langzaam opgang en de 1e beste kans was echt voor Joure maar gelukkig voorkwam Herman dit. Daarna kwamen we beter in de wedstrijd en scoorde Wiebren met geluk 1-0 en daarna kwamen we op 2-0 en 3-0 door Henk jan.
Ruststand 3-0.
2e helft begon rommelig en zaten we niet gelijk in de wedstrijd gedurende de 2e helft werden we sterker en liepen we door mooie aanvallen en strijd naar een 7-0 voorsprong door goals van 3x Henk jan en Wytse met een afstandsschot.
De 7-1 namen we voor lief.

Kortom nog steeds ongeslagen toppers!

Groet,
De fanatieke coach

SDS JO17-2- Stormvogels-Arum JO17-1

Ek yn it read koe SDS JO17-2 winne….