Keningsdeiweppers

SDS-League: Wykpriis wurdt dield!
26 april 2018
Sneon 28-4-2018
27 april 2018

SDS 1 sneon nei de Wâlde

Foar SDS 1 steane der noch 4 wedstriden op it programma. Twa thús en twa út.  Sneon de earste útwedstriid tsjin de Wâlde 1.
De seleksje foar sneon: Happie, Marco, Lourens, Hendrik, Erik, Bauke, Durk, Frank, Jacob, Wiebe, Anne, Remco, Matthijs en Jaap.

SDS 4 thús

SDS 4 mei sneon thús fuotbalje. Om 14.30 oere is Mulier 3 de tsjinsstanner. Sa sjocht de opstelling der út.

SDS VR1 nei Mildaam

SDS VR1 moat nei it bekersukses op woansdei sneon wer oan de bak. Mildam is de tsjinstanner. De seleksje: Marjo, Seriette, Richtje, Hester, Gerry-Edou, Sieta, Agnes, Geeske, Kirsten, Alissa, Tjitske, Jeska, Tarina

Efkes Balje


Alles wat it fuotbaljen sa moai meitsje kin, wie net oanwêzich op de dei foardat wij de jierdei fan in kening fiere moatte.
Nim no it publyk. Se wiene der yn grutte getale mar hiene allinne mar oandacht foar it spultsjedwaan op it fjild neist ús. In Belgysk spultsje ek noch wol. Pelote.
Nim no it fjild. Ik tocht gelyk oan it earste fjild fan SDS sa’t dat beskreaun is yn it jublileumboek: Greppels, bulten, gatten, skuorren en hobbels. It gers twa kontsjes heech en it hea lei klear fan de foarige twa meansessies om yn pakken slein te wurden.
Wij wiene dus yn Wommels wêr’t de twa doelen dúdlik ek brûkt wurde as rekstok. Yn Wommels wêr’t in prachtich fjild lei yn eardere tiden leit no noch in “suterich stikje lân wêr’t je sporte meie” en wêr’t je bij alle stappen dy’t je sette hope dat it inkel noch oan de foet sit.
Op dat fjild wie it Efkes Baljen tongersdei. Ik soe Mark Rutte of in oare (k)Wiebes wêze moatte at ik no bewearde dat it in heechsteande partij wie mei floeiende kombinaasjes. Nee. lit mij earlik wêze. Boppedat is myn geheugen noch wol goed. It wie gewoan striemin mei hjir en dêr in hichtepuntsje.
De “4 mei hes” hiene it measte gelok mei de (net) opstuitende ballen en de frjemde effekten dy’t knollefjilden no ien kear feroarsake. Sij wûnen de earste partij. De 4 sûnder hes wisten yn in spannend tuskenpotsje “de 5 út” te winnen. De finale, sa as altyd “2 út”, wie wer in proai foar de 4 yn de Bobhesjes.
Dus in spesjaal bierke nei ôfrin foar: Ferrie, Harry, Klaas en Aant
In gewoan bierke foar Pieter, Folkert Rients, Wybren en Douwe Jan
(Aant)

Moai bedrach troch dropaksje

Eindelijk is bekend wat de dropactie heeft opgebracht!

Dit jaar hebben de teams en lopers totaal €1832,15 opgehaald met de dropactie.
Een mooi resultaat!

Het is wel minder dan vorig jaar maar dat komt omdat er minder teams waren en ook in de eigen dorpen is er minder jeugd.
Om de actie wel leuk te houden en de kinderen niet met teveel drop “op te zadelen” heeft de commissie besloten om het aantal
zakjes drop per persoon ongeveer gelijk te houden, maar ze hadden wel meer straten waar ze de drop konden verkopen.
De 1 vindt het wel leuk om te doen de ander niet. Uiteindelijk hadden een aantal wel wat meer drop kunnen/willen verkopen en de ander had weer teveel.
Maar uiteindelijk is alles verkocht! En daar gaat het om.

Met de dropactie dus € 1832,15 op gehaald en met de Poieszactie € 958. Een mooi bedrag voor de jeugd dachten we zo!!

Iedereen bedankt voor de inzet! Voor zowel de drop- als de poiesz actie.

Groet de jeugdcommissie

Grutter glês

It bierke dat fanôf no tapt wurdt yn de kantine komt yn in grutter glês telâne. Dat betsjut fansels ek dat de priis wat omheech giet. Fanôf no 1,75 ….

Haadsponser yn LC fan hjoed

Keepersdei

Sneontemiddei is sportpark de Skoalleseize it poadium foar keeperstalint. Fan13.00 oere ôf is der fan alles te dwaan foar de takomstige topkeepers en fan alles te sjen foar belangstellenden.
Klik foar it programma op it plaatsje

Slotmiddei foar de SDS-jeugd

Op freed 25 maaie is de slotmiddei foar de SDS-jeugd. Der sil wer in fuotbaltoernoai wêze, ferskillende fuotbalspultsjes en der wurdt fansels wer striden om de penaltybokaal.

Harsens derby (2017)

Leuke pingel, mar…………