Sneon 2-3-2019

Weppers freed 1-3-2019
1 maart 2019
Weppers snein 3-3-2019
3 maart 2019

In lyts programma op sneon 2 maart.
De lêste wedstriid thús is al om 13.00 oere.
SDS 3 spilet dan tsjin Lions ’66  4

09:00 SDS JO12-2 Franeker SC JO12-2 1-4
10:00 SDS MINI LEAGUE
10:30 ST SDS/Nijland JO15-1 LSC 1890 JO15-2 1-2
13:00 SDS 3 Lions’66 4 4-9
09:00 SC Bolsward JO15-3 ST SDS/Nijland JO15-2 1-6
09:30 Black Boys MO13-1 SDS MO13-1 2-7
10:15 Minnertsga JO12-1G SDS JO12-1 6-4
10:45 Workum MO15-1 SDS MO15-1 1-0
11:55 SC Bolsward JO17-1 SDS JO17-1 4-3
13:00 LSC 1890 JO17-4 SDS JO17-2 1-4
15:00 Annaparochie St. JO19-1 ST SDS/Nijland JO19-1 4-1

Hardegarijp 2 – SDS 2 (oefenwedstriid)

Mei te min minsken nei Hurdegaryp, keepersprobleemke en dus mei 4-0 ferlern.

SDS 3 – Lions ’66 4

Liuwen fjochtsje altyd werom ek al stean se mei 4-0 efter. Sa eindige in prachtige foarsprong fan 4-0 by de rêst yn in 4-9 ferlies foar SDS.
Doelpunten fan SDS kamen fan de foet fan Robert (2) Sijbesma, Henk Postma en Pieter Kamstra.

Sint-Annaparochie JO19-1 – SDS JO19-1

Yn de earste helte krige Luuk van der Schaar in reade kaart nei it fêsthâlden fan in trochbrutsen spiler en kaam Sint-Anna mei 1-0 foar. Wytze Yntema koe der yn de 55e minút 1-1 fan meitsje, mar SDS fergeat de 2-1 te meitsjen en krige it heft op de noas mei de 2-1 foar Sint Anna. Doe ’t SDS fol op syk gie nei de lykmakker makke Sint-Anna der úteinlik sels noch 4-1 fan.

In hattrick

Trije doelpunten yn ien wedstriid skoare is in moaie prestaasje. Bij SDS JO17-2 prestearde Gerben Gerbrandy dit hjoed. Mei 1-4 winst werom út Snits wei.

sc Bolsward JO15-3 – SDS-Nijland JO15-2

Hjoed is de twadde helte fan it seizoen wer goed begûn.
Ut tsjin SC Boalsert Jo15-3. Bij de warming up hiene wij der op hamere om actief yn de bal te stappen en sa skerp oan de wedstriid te begjinnen. Hiene we goed leart fan de oefenpot tsjin ús Jo15-1.
Dat slagge net hielendal. Boalsert starte gretig en fel. Wij waarden oerrompele. Krekt te let yn de duels en nei elkoar sjen. Bij in oanfal fan Boalsert lieten we se samar trochrinne en waard it 1-0. Dat skodde de mannen wekker. In stap hearder en it duel is foar ús! We koene noch 2 kânsen creëre troch Pieter en Redmer, mar it bleau 1-0.
Yn de rust de mannen opskerpe! Dat die fertúten. In totaal oare wedstriid waard it. Druk op de tsjinstanner en actief nei de bal ta. It waard doe steeds dreecher foar Boalsert. In skot op goal koe de keeper net hâlde. Sije wie wol skerp en makke de 1-1. Dernei trochsette en op de helte fan Boalsert spielje. Dat gie goed. De 1-2 wie foar Pieter. Dernei in droech skot yn de krúsing fan Jelmer 1-3. Toen wie it dien mei Boalsert.
Nog 2 keer Pieter en 1 keer Jelmer sette de 1-6 op it boerd. Klasse mannen. Dit jout fertrouen en wille.
Nije wike om 10.30 thús tsjin Blauw Wit.
Oant nije wike!!

Tsjeard, Jelmer, Hans en Gosse