Weppers freed 1-3-2019

Weppers tongersdei 28-2-2019
28 februari 2019
Sneon 2-3-2019
1 maart 2019

Hardegarijp 2 – SDS 2 (oefen)

SDS 2 sil te oefenjen nei Hurdegaryp en fertrekt om 10.30 oere mei de folgende seleksje om dêr om 12.15 oere te fuotbaljen tsjin Hardegarijp 2:
Gertjan, Feite, Anne, Jort, Niels, Jorrit, Sjoerd, Jurjen, Arjen, Yward, Jesse, Ralph, Tjeerd, Jildert en Bauke.

SDS 3 – Lions 4

Dizze seleksje wurdt sneon om 12.15 oere yn de boks ferwachte foar de thúswedstriid tsjin Lions ’66 4:
Auke, Doede-Douwe, Gert-Jan, Harm, Harm-Auke, Henk, Ids, Jan-Simon, Jeroen, Klaas, Pieter, Robert, Tjeerd, Tsjipke, Wichard en Willem.
Hooplik hat Lions 4 no al genôch spilers, want begjin febrewaris hienen sy te min en koe de wedstriid net trochgean. Wy koenen ús wol begripe wêrom as ‘The Four Lions’ doe inkelde spilers tekoart kamen…………(sjoch hjir).

SDS 1 ferliest mei 1-0 fan SWZ sneons 1

SDS 1 hat juster de oefenwedstriid tsjin SWZ 1 mei 1-0 ferlern. De wedstriid gie lyk op en beide teams hienen genôch kânsen om te skoren. Age-Hains Boersma die dit úteinlik as ienige in kertier foar tiid út in kopbal.

Unyk

Dat Age-Hains Boersma juster skoorde foar SWZ is net unyk, want hy skoorde yn syn fuotbalkarriërre al hiel wat doelpunten. Wat wol unyk is dat hy miskien wol de ienige fuotballer is dy ’t op alle standaardniveaus fuotballe hat. Fan de 5e Klasse oant en mei de Eredivisie (by sc Heerenveen). Hy skoorde ek yn alle Klassen útsein de Eredivisie. (sjoch ek hjir).

Skiedsrjochterkursus

Jorrit v/d Velde, Sytze Visser, Gerrit Rypma en Tim Sweering geane op 4 maart , 15 maart , 15 april en 6 maaie de kursus ferieningsskiedsrjochter folgjen. Hjir binne wy tige wiis mei!

Feessie SDS 3

SDS 3 fuotballet earst om 13.00 oere en hat dêrnei fanôf 16.30 oere in feessie yn it Dielshûs yn Wommels. Daan ‘Lowietje van Gaal’ Boersma en Harm-Auke Dijkstra hawwe in aardige kwis ynelkoar flanse kinnen en hawwe alfêst lotten:

Harsens derby (2108)

SDS 1 komt dreech ta skoren dit seizoen. Trainer Douwe Posthuma hat foar de twadde seizoenshelte al betocht om makkelijker ta skoren te kommen.