Weppers moandei 19-9-2022

Sneon 17-9-2022
16 september 2022
SDS-League: Wout en Harm pakke de wykpriis!
20 september 2022

Skiedsrjochterskursus

Yn Boalsert wurdt wer in skiedsrjochterskursus oanbean troch SV NWF. Liket dy it wat om hjir oan mei te dwaan en by SDS fluitsje te wollen lit it ús dan witte. De kosten binne dan foar SDS fansels. Mail nei info@vv-sds.nl.

Striker

SDS is der tige wiis mei dat sy foar SDS 1 in nije striker fûn hawwe. Sietske Okkema sil sneons mei SDS 1 mei om de earste soarch te bieden by blessures.

Frouljusfuotbal

Der wurdt dan wol net mear op sneon by SDS troch de froulju fuotballe, mar sy geane dit wol geregeld op freedtejûn dwaan. Freedtejûn meie sy los op Sportpark Schatzenberg yn Menaam.

Adreswizigingen

Mochten je lid of stiper wêze fan SDS en in nij adres krije dan dizze graach trochjaan oan Catharina Postma fan de ledenadministraasje (catharinapostma@outlook.com). Dan binne je der wis fan dat je yn de takomst ek altiten in Treffer krije.

SDS-League

De nije stân fan de SDS-League ferwachtsje wy hjir tiisdei of woansdei.

Harsens derby (2090)

SDS JO10-1 wûn ôfrûne sneon mei 32-0 fan de famkes fan de MO-10 fan Oosterlittens. Hooplik komme de famkes gau yn in kompetysje dy ’t better by harren past en hawwe sy der net minder wille om hân.

Letter miskien wol mear!