Skuon wikselje

Seleksjes SDS 1 en 2 sneon
24 oktober 2003
Blessures
25 oktober 2003

Cambuur fuotbalskuon

Jacob Klaas Haitsma is in hiele serieuze jongen. Dat wit en sjocht elkenien. Hy makket syn eigen tas klear, hy soarget dat er altiten stipt op tiid is en dat er alles by him hat. Mei sa’n serieuze ynstelling kin it hast net mis gean, soene je sizze. Syn heit en mem hawwe gjin omsjen nei dizze jonge.

Dochs, moatte wy melding meitsje fan in freeslik fersin op tongersdei 23 oktober. Jacob Klaas Haitsma hie de skuon fan syn jongere broer Erik yn de tas dien. Stom, stom, stom. Want ja no moast hy op dy prachtige troch Cambuur beskikber stelde skuon traine. Hy stie yn berie, at er dat wol dwaan koe.

Hy hoechde net lang nei te tinken. In griisbrune Audi stoppe, in frou stapte út en oare skuon waarden him oanrikt. Mem Hilda wie gelokkich sa “goed” om dit grut fersin fan Jacob Klaas te korrigearen.

Mem Hilda hat wolris entoesjaster klonken.