Blessures

Skuon wikselje
24 oktober 2003
Utslaggen 25-10-2003
25 oktober 2003

Hendrik de Jong spilet dit wykein net mei by SDS 1. Hy hat noch altiten pine oan it ankel en de fysio hat him ôfrieden om sneon te fuotbaljen. Oer inkelde wiken sil hy nei de Orthopeed ta om te sjen at der ek wat oan te dwaan is.

Dat Dirk-Yde Sjaarda meidocht is noch ûnwis. Wy hawwe fernommen dat der freed noch krukken ophelle hat, dus it sil wol neat wurde.

Jimme sille begripe dat de seleksjes sa at jimme dy hjir lêse koenen no wat yn ‘e war binne. Hoe at it al komt wit noch net ien. Dat sawol SDS 1 as 2 mei 11 man begjinne sille stiet al fêst.