Skrikkelweppers

Weppers snein 28-2
28 februari 2016
Neikompetysje 3e/4e-Klasse
1 maart 2016

Frans Munsterman
De trainer fan SDS 1, Frans Munsterman, sit al in skoftke thús mei rêchklachten. It is noch altiten net hielendal dúdlik wêr ’t de klachten weikomme. It liket der op dat hy in slijmbeursonteking hân hat yn de heup. Hjirby hat hy noch altiten lêst fan de rêch en wat krachtsferlies yn de fuotten. Hy giet hjir foar noch foar fierder ûndersyk. Op 10 maart sil hy yn elts gefal opereard wurde oan in meniskusblessure. Wy winskje Frans in protte betterskip!

Frans?
Yn it Frysk Deiblêd stie hjoed it kommentaar fan “Frans Munsterman” nei de wedstryd SDS 1 – Mulier 1. De reporter hie sneon blykber net yn de gaten dat hy Robert Hoekstra oan de tillefoan hie nei de wedstryd. De Ljouwerter Krante hie it hjoed al by it rjochte ein.

Neikompetysje
It is wis dat yn de 3e-Klasse A de nûmers 13 en 14 streekrjocht degradeare. De nûmers 11 en 12 komme yn de neikompetysje. Hoe ’t dizee derút komt te sjen is noch net wis troch dat der boppe de Topklasse in 2e-Divisie komt en klups wer wat trochskood wurde. Wy hawwe de KNVB maild en hoopje dizze wike antwurd te krijen.

Programma sneon 5 maart
Kommende sneon is der wer in útgebreid wedstrydprogramma. De measte jeugdteams meie kommende sneon ek wer los. Sjoch
hjir foar it folledige programma. Dit is ek op de foarside fan de SDS-side te finen by “Programma”.

SDS’ers derop út!
Ôfrûne wykein binne Dirk de Jong en Dirk-Yde Sjaarda efkes nei Borussia Dortmund – Hoffenheim west. Dortmund wûn mei 3-1. Die Gelbe Wand makke úteinlik miskien noch wol de measte yndruk.

Dirk mei op de eftergrûn “Die Gelbe Wand”.

Harsens derby (1679)
Aaaaaaaaaaaaaaaaaaaaaaaaaaaaaahhhhhh!!!