Weppers snein 28-2

Utslaggen sneon 27-2
26 februari 2016
Skrikkelweppers
29 februari 2016

Hans Klijnsma

Juster krigen wy it tryste berjocht dat Hans Klijnsma freed stoarn is. Hans wie sûn ’t koart slim siik. Hans kaam geregeld by SDS te sjen û.o. by pakesizzer Mark. Wy winskje de famylje in protte sterkte ta mei dit grutte ferlies. Wy sille him misse.
(foto: Henk Bootsma)

Maskotte
Sjoerd Postma wie juster efkes te sjen by SDS 1 – Mulier 1. Neffens eigen sizzen hat hy SDS 1 dit seizoen allinnich noch mar winnen sjoen. Sa seach hy SDS 1 út by Mulier 1 ek al winnen. Wat ús oanbelanget komt Sjoerd fanôf no eltse wike sjen!

Super
Juster koe SDS 2 wol wat help fan oare SDS-teams brûke, want der misten noch al wat spilers. Sa moast der ien ôfstien wurde oan SDS 1, wie der ien op wintersport, moasten der inkelden wurkje, wienen der wat blessures en moasten lju klusse(?!). Lokkich genôch koenen der inkelde A’s (Pieter, Watze-J., Inne en Almar) meidwaan en wienen Harm-Auke en Pieter-Lieuwe bered om earst mei SDS 2 mei te gean nei Nijlân en dêrnei mei SDS 3 nei Makkum te gean om dêr te fuotbaljen. Sjapoo!

Fjild
Kommende sneon moat SDS 1 nei Snits. Fuotbalje tsjin WPB 1. It fjild skynt dêr net sa super te wêzen want yn it ferslach fan juster stiet in moaie omskriuwing hoe min dat fjild is sadat wij fan it plattelân it allegear goed begripe:  “Op een grasmat die zo slecht is dat zelfs geen leeuwerik er boven wil zingen”.

Bunnikside
It wie juster by SDS 1 – Mulier 1 o sa noflik op de Bunnik-side. Moai út de wyn en fol yn de sinne.


Harsens derby (1678)
Dy Totti kinst der wol by hawwe…………… yn it fjild……