Sjoukema de nije Uri Geller?

TikkieterugJaap
22 maart 2004
Programma SDS dizze wike
22 maart 2004

13 maart wie Sjouke Sjoukema jierdei (noch fan herte). Fansels kaam syn maat Harm Bergsma ek efkes lâns. Harm hie it goed yn ‘e holle. Hy moast perfoarst healwei twaen wer thús wêze. Dit moast gjin probleem wêze wie it net dat Sjouke krekt de sop en broadsjes klear hie op it momint dat Harm nei hûs ta soe. Harm tocht gau de sop efter de kiezzen te wurkjen en dan nei hûs ta te gean. Hjir tocht Sjouke allinne wat oars oer. Hy hie de sop goed hyt optsjinne dat Harm syn mûle der net op doarde te setten. Doe ’t de leppel ek noch krom luts fan ‘e hitte wist hy hielendal net mear hoe der it hawwe moast. It gerucht giet dat hy de blierren no noch yn ‘e mûle stean hat. Sjouke hie namlik gjin kroketten klear die ’t Harm thús ynbringe koe, om it goed te meitsjen by de frou om ’t der wat letter kaam.