Sfearfoto’s SDS-WPB

Emoasjoneel ein derby SDS-WPB
23 oktober 2004
Utslaggen sneon 23 oktober
23 oktober 2004

Ruurd en JelleJan Visser wiene de pupillen fan de wike en sy mochten mei de wichtichste man en op ien nei wichtischste man fan de middei it fjild op drave.

De Vissers mochten de ôftraap dwaan en by de WPB doelman skore.

Dêrnei mochten sy plak nimme yn de dugout tusken de wikselspilers fan SDS

Erik Schuitemaker (trainer fan WPB) wie wer efkes werom by SDS wêr’t syn soannen fuotballe hawwe.

Foar de wedstriid soargen de supporters fan WPB wol foar fjoerwurk

Der wiene in protte meilibjende supporters fan WPB yn Easterein. Sy hiene krekt as de Eastereinders in gekleurde bril op.

De grinsrjochter fan WPB wie it net iens mei de strafskop dy’t SDS krige. Hy bleau flagjen en wees it plak oan wêr’t Dirk Yde foel.

Jan Dommerholt, bestjoerslid fan WPB, wie gast op de Bunnikside. Hy wie de ienige dêr dy’t er gjin strafskop ynseach.

Richard de Jong fan WPB makke efkes in gat op de stip krekt foardat Gert Jan de strafskop nimme soe, mar Gert Jan wist de bal sels dochs goed del te lizzen.

Gert Jan mist!!!