Emoasjoneel ein derby SDS-WPB

Reaksje út Snits
23 oktober 2004
Sfearfoto’s SDS-WPB
23 oktober 2004

SDS 1 -WPB 1 is altiten in wedstryd dy’t libbet. Mei in protte minsken oan de kant en yn de kantine soe it der dizze middei ek wer om gean.  Teloarstellend wie de 1ste helte. It wie wat lau, wat tam en der wiene net in protte kansen foar beide ploegen. De kansen dy’t er wiene, wiene foar SDS.

Nei de thee waard it wat feller en geande de twadde helt waard it echt in wedstriid mei emoasjes.
SDS kaam op foarsprong troch in prima aksje fan Dirk Yde Sjaarda.
Wylst elkenien tocht dat SDS wol trochdrukke soe, barde dat net echt. Der wiene noch wol in onatal gefaarlike úfallen mar WPB koe in doelpunt foarkomme. Skiedsrjochter Strijker krige it hiel dreger omdat de tiid begong te dringen en de wil om te winnen der by beide ploegen wol wie.
Krekt foar de ein makke doelman Marten Faber in flaterke troch de bal los te litten en yn syn poging dat te korrisjearen naam hy in WPB spiler mei yn syn fal. De skiedsrjochter seach der in strafskop yn.

WPB koe juiche neidat nei in protte geouwehoer de strafskop nommen en benut wie. Noch gjin 2 minuten letter, al yn blessuretiid waard Durk Yde Sjaarda op de râne fan de 16 “ûnderút” helle . Op oanwizing fan de Bunnikside wiisde de skeids  nei de stip.
Harm Stremler is normaal de strafskoppenimmer, mar hy wie al wiksele. Gert Jan Hiemstra skeat nei hiel wat gewouwehoer neist.

1-1 wie de einstân en dat joech WPB in goed gefoel en wie foar SDS in teloarstelling.