Seal: Ut- en ferslaggen

Weppers snein 21-10
20 december 2014
Weppers moandei 22-12
22 december 2014

Útslaggen KNVB seal

Oosterlittens E1 – SDS E2  5-0
Leovardia F3  – SDS F1    0-1
SDS E2     – FVC E2      6-1
SDS F1   – Akkrum F2  tsjinstanner kaam net
Akkrum E2       –   SDS E1    1-2
FVC E4   –   SDS E3    0-1
SDS E1   – MKV’29 E1     2-2
SDS E3  – FVC E3  3-1
Oosterlittens E3 –  SDS E4  1-0

Krysttoernooi SDS D1 yn Warkum
It krysttoernooi foar D1 yn ‘e seal moast sneon 20 desimber spyle wurde in Warkum. Us tsjinstanders wiene de Wâlde D1, NOK D1, Workum D1 en Mulier D1. Utsein Mulier wiene dit foar ús allgeare únbekende ploegen.  De earste wedstriid moasten we spylje tsjin de Wâlde. Fuortendaliks wie wol dúdlik dat we dizze wedstriid winne moasten.  Der wurde goed fuotballe, prima kombineare, mar der wurde fergetten om it lêste tikje te jaan.  Dochs kamen we fiif minuten foar tiid fertsjinne op foarsprong en efkes letter waard it ek noch 2 – 0. De twadde wedstriid tsjin Workum D1 joech eins itselfde byld.  SDS de boppelizzende party en sa no en dan kaam Workum der gefaarlik út. Troch in hiele beste frye traap fan Workum kamen we op efterstân. We koene dit net mear rjochtsette en sa wurde dus de twadde wedstrijd mei  1 – 0 ferlêrn. Dit wie fansels in grutte terloarstelling foar de mannen, want se ha allegeare in oergriselik hekel oan ferliese.  Dit is trouwens wol moai om te sjen,  mar ek dit is fuotbal.  Boppedat  koene se hjir net lang oer prakkeseare want in kertier letter moasten se alwer spylje tsjin NOK D1. De mannen wiene út op revanche en nei 3 minuten stiene we al mei                 2 – 0 foar. It ferskil wie grut en de skoare wurde opfiert nei  5. Ek NOK skoarde noch in kear,  sadat nei 15 minuten 5 – 1 op it boerd stie.  De lêste wedstriid tsjin Mulier D1 wurde in sakelike 4 – 0 oerwinning. Doe wie it wachtsjen wat Workum dwaan soe yn hun lêste wedstriid tsjin de Wâlde. Workum hie oan in lykspul genoch om troch te gean nei de finaledei op tiisdei 23 desimber. By winst fan de Wâlde soene wy earste wurde en troch gean nei de finale. Fanatiek oanmoediche troch de jongens fan SDS wie de Wâlde de boppelizzende party tsjin Workum. In goal fan de Wâlde wurde ôfkeurd en yn ‘e lêste minut skeat de Wâlde noch op ‘e peal. Mar der waard net mear skoard sadat dizze wedstriid eindige in 0 – 0. Dermei wie Workum de winner. Jammer, want der hie seker wol mear ynsitten.  Dochs wol wer grutsk op dizze jongens.  Fjouwer wedstriiden spyle, trije makkelik wûn en 1 únnedich ferlêrn. We ha no in pear wike frij en meitsje ús dan wer op foar it KNVB sealtoernooi yn Ljouwert.
Theo.

KNVB-sealtoernoai SDS E3
SDS E3 hat dit seizoen noch net in wedstryd wûn en binne tige ta oan de earste oerwinning. Ôfrûne sneon mochten sy wat ûnferwachts sealfuotbalje en like der net folle yn te sitten doe ’t sa ’n 5 man ôfseinen. Lokkich gienen de oerbleaune 5 man mei fersterking fan E2(Jelmer Dijkstra) en E5(Milan van der Weg) mei it folste fertrouen nei Grou om dêr te sealfuotbaljen. Mei in soad striid levere dit ek noch samar twa winstpartijen op. De earste wedstryd tsjin FVC E4 waard mei 1-0 wûn troch in goal fan Jelmer en tsjin FVC E3 waard mei 3-1 wûn troch goals fan Jelmer(2x) en Pieter. Dit beide troch goed keeperswurk fan Jelte Spoelstra. De mannen sjogge no al út nei de folgende ronde.

Krystsealtoernoai yn Frjentsjer
SDS fuotballe sneon mei Jaap, Jacob-Klaas, Wytze, Feite, Tjipke, Jehannes Tichelman en Sicco Scheltema op it krystsealtoernoai yn Frjentsjer. Sy spilen 5 kear. 4 kear waard der wûn en ien kear lyspile. Sy steane no dield 2e yn de poule. 2e-Krystdei wurde de rest fan de foarrondes spile mei dêrnei de finales. SDS moat by de earste 4 eindigje om troch te gean nei de finaleronde. Dit is noch net hiel makkelijk, want der steane noch drege wedstriden op it programma lykas tsjin Zeerobben en Bloemketerp Allstars. 2e Krystdei spilet Willem mei ynstee fan Wytze. De tuskenstân kinne jim hjir fine.

Krystsealtoernoai yn Frjentsjer(2)
Der dienen sneon noch wat SDS’ers mei oan it krysttoernoai yn Frjentsjer. Sa spile Bote Strikwerda by Scharringa Welsryp. Sy hawwe 6 punten út 4 wedstriden en stean dield 4e yn de poule mei noch alle kans op in plakje yn de finaleronde.

Krystsealtoernoai yn Frjentsjer(3)
By Schroevenkopen.nl dienen hiel wat (âld)SDS’ers mei. Sa seagen wy Geert Dijkstra, Jelmer Posthumus, Ayanle Barkat en Jelte-Pieter Dijkstra. It woe net rjocht mei Schroevenkopen.nl sneontejûn en it like dan ek mear op “schroefnoppen.nl”. Sy hawwe noch mar ien punt en kinne 2e-Krystdei nei de foarrondes lyk oan de krystborrel.

Programma Krystsealtoernoai yn Frjentsjer
2e-Krystdei is dit it programma foar SDS:
10.13 SDS – Zeerobben
11.23 SDS All Stars Bloemkamp
12.19 SDS – Rijschool Posseth
13.15 SDS Hiemstra Fin. Diensten
Om 14.40 begjinne de krúsfinales.
It hiele programma kinne je hjir besjen.

Gjin Krystsealtoernoai
Foar de SDS-froulju is der dit jier gjin Krystsealtoernoai. It toernoai op 3 jannewaris is ôfblaasd y.f.m. te min animo.