Weppers moandei 22-12

Seal: Ut- en ferslaggen
22 december 2014
Weppers tiisdei 23-12
23 december 2014

Fêststeld
De KNVB hat de ynhelwedstryd tusken SDS 1 en TONEGO 1 no defintyf fêststeld op sneon 14 febrewaris.

SDS 2
SDS 2 mei op sneon 7 febrewaris foar it earst wer los yn kompetysjeferbân. Sy spylje dan om 14.30 út tsjin DWP. Dêrnei hoefe sy pas wer op sneon 21 febrewaris. Opfallend is dat SDS 2 de twadde kompetysjehelte alle wedstriden om 14.30 hat útsein de útwedstryd tsjin SC Bolsward. Dizze is normaal sprutsen om 12.15.

Gjin Krystsealtoernoai
Foar de SDS-froulju is der dit jier gjin Krystsealtoernoai. It toernoai op 3 jannewaris is ôfblaasd y.f.m. te min animo.

Rabo-ledenstipers
Elts lid fan de Rabobank kinne yn de hiele moanne desimber noch soargje dat de Rabobank SDS foar €5,- stipet. It is net dreech. Gewoan hjir je gegevens ynfulle en de kode fan SDS “RLS 395” fansels.

Peppi & Kokki
“Heit, wêr komt Vejinovic fan Vitesse wei?”
“Servië”
“Gekke namme eins “Vadsjeinafyts”. Dat sil dan wol vrouwenfyts betsjutte yn it Servysk…………”

Harsens derby(1396)
Dit docht sear…