SDS woansdei op it OFK

Weppers moandei 28-12
27 december 2015
Aldjiersdei-weppers
30 december 2015

De âld-sealfuotballers fan SDS 1 (seal) hawwe woansdeitejûn harren foarronde fan it Iepen Frysk Kampioenskip Sealfuotbal (OFK) yn Frjentsjer.

Troch blessures en fakansjes en wat oars misse sy al in pear lju (Tsjipke, Peter, Harm en Anne).
SDS 1 âld-seal giet úteinlik mei de folgende seleksje:
Jaap, Feite, Jan-Simon, Jacob-Klaas(hat noch wol wat lêst fan syn kontspier, mar dat komt fêst goed), Robert, Habtamu en Willem.

De poule sjocht der sa út:


Poule H4 woansdei 30 desimber

VCR 
VVI

SC Berlikum
SDS (âld seal)
Oeverzwaluwen (fjild)
SC Franeker (sneon)

It programma sjocht der sa út:
19.30 SDS 1 (seal)- Berlikum 1
20.12 Oeverzwaluwen (fjild) – SDS 1 (seal)
20.54 SDS 1 (seal) – VCR 1
21.36 sc Franeker (sneon) – SDS 1 (seal)
22.18 VVI 1 – SDS 1 (seal)

De beste 2 ploegen út de poule geane nei de finaledei op sneon 9 jannewaris.
De fjildfuotballers fan SDS 1 meie los op tongersdei 7 jannewaris.
It folledige programma kinne jim
hjir fine.