Aldjiersdei-weppers

SDS woansdei op it OFK
29 december 2015
SDS-nijjierssit 2016
1 januari 2016

B1 winterprogramma
B1 sit yn e lift de lêste moannen. Mei it ûnderstypjen fan de leiders troch Jappie Wynia is der hast allinich nog mar wûn.
Om de goeie foarm fan it team te behâlden is der in aktyf winterprogramma opsetten oant en mei de earste kompetysje wedstryd op 13 febrewaris.
Op sneon 9 jannewaris wurd spile tsjin AVC B1 (2ekl) en de freed dêrop (15 jannewaris)tsjin Fc Harlingen B1(2ekl).
Sneon 23 febrewaris is it sealtoernoai foar B en C junioaren en op 30 jannewaris nimt ús B1 it op tsjin Zeerobben B2.
Der wurd nog sjoen nei in earste klasser om tsjin te spyljen op 6 febrewaris, we hoopje dat dit slagjen giet. 
Hans en Pieter

Aldjierbalje
Al mear as 25 jier is der âldjiersdei sealbalje yn de sporthal. Opjaan is net nedich op tiid komme wol. It begjint 14.00 oere.

Opjaan
De D’s en E’s hawwe sneon 2 jannewaris harren sealtoernoai. Wa’t him/har noch net opjûn hat kin dat noch oant 1 jannewaris 12.00 oere dwaan. Foar it opjaan kinne se de link de brûke dy’t bij it eardere nijsberjocht stiet.

SDS troch nei de finales op it OFK
SDS âld seal mocht juster los yn de foarronden op it OFK yn Frjentsjer. Sy misten wat lju (Tsjipke, Harm en Peter), dus der moast ymproviseard wurde. Jaap Toering kaam dêrby op de goal, Jan-Simon gie fuotbaljen en Pieter Sytsma en Habtamu de Hoop gienen ek mei. Dêrneist fuotbalden de âlde rotten Feite, Jacob-Klaas, Robert en Willem en man fan alles/flagger Willem Overal.
De earste wedstryd tsjin sc Berlikum begie net best. Robert foel nei 30 sekonden al út mei in ankelblessure en koe de hiele jûn net wer fuotbalje. Doe ’t Berltsum ek noch mei 1-0 foar kaam 4 minuten foar tiid like de jûn bedoarn. Lokkich makke keeper(!?) Jaap der krekt foar tiid noch 1-1 fan. De twadde wedstryd tsjin Oeverzwaluwen waard degelijk mei 1-0 wûn troch in goal fan Feite en doe ’t de tredde wedstryd tsjin VCR ek noch mei 2-0(Feite en Willem) wûn waard begienen de mannen der yn te leauwen. Mei in smoarfolle tribune moast SDS fol oan de bak tsjin sc Franeker en waard der stunten troch yn de lêste minút te winnen troch in goal fan Jacob-Klaas.
Ûndanks de 10 punten koe SDS noch útskeakele wurde as yn de lêste wedstryd fan it ongeslagen VVI ferlern waard en sc Berlikum wûn fan it al útskeakele sc Franeker. SDS koe it in skoft op 0-0 hâlde, mar doe ’t it 1-0 foar VVI waard moast it oan de bak. Dit levere in penalty op dy ’t troch Feite makke waard. In reade kaart foar VVI(5 minuten derút) moast mei noch 3 minuten op de klok mei in man mear genôch wêze om dit fol te hâlden. It wie allinnich in sneinskot dy ’t dochs de 2-1 op it boerd tovere. Alles like dien, mar lokkich genôch wûn sc Franeker mei 1-0 fan sc Berlikum en waard SDS efter VVI twadde yn de poule.
SDS mei no op sneon 9 jannewaris meidwaan oan de finaleronde yn Frjentsjer. Robert, Harm en Peter binne der dan ek net by. Tsjipke sil dan al wer meidwaan.

SDS-League
Binne jim ek sa benijd nei wat’t de earste helte fan de SDS leaugue wûn hat? Soe it FC DWOpke slagge wêze om de “Trije kratsjes fan Gertje en de twa fan Littens foar te bliuwen? En ferrase de Strikkies ús? Kom nei de neijjierssit en jim heare it út de earste hân.

Lift 2.0
Op 1 jannewaris 2016 om middeis 12.00 giet it wer oan. De Lift 2.0 twadde edysje. Wij binne benijd hokker SDSér as earste Kopenhagen berikt en  at er ek ien mei SDS sjaal om reizget. De liftwedstriid is te folgen fia
dizze link.

Treffer-Krystpuzzel
Sneon heare jim ek waard in SDS-sjaal wûn hat mei de goeie oplossing fan de SDS-krystpuzzel. Wolle je ek kans meitsje op sa ’n prachtige sjaal? Meitsje de krystpuzzel yn de Treffer dan noch gau en mail it goeie antwurd nei
DeTreffer@vv-sds.nl. Net stinne, mar winne!

Harsens derby (1652)
De slechtste schwalbe fan 2015!



Folgend jier mear!