Weppers moandei 28-12

Programma 2 jannewaris
25 december 2015
SDS woansdei op it OFK
29 december 2015

Op foarrie

Fan Douwe Dirk Reitsma krije wij troch dat de hast alle SDS klean wer op foarrie is. Wa’t wat nedich hat kin kontakt mei him opnimme.

Aldjiersfuotbal
Ek dit jier wer op âldjiersdei kin der efkes balle wurde. It begjint om twa oere mar wat earder komme is better. En dat allegear ûnder leiding fan wierskynlik Tjeerd Dijkstra.

Krystsealtoernoai yn Frjentsjer
De mannen fan SDS (Jaap, Feite, Jacob-Klaas, Tsjipke, Freek, Johannes, Sicco en Willem) hellen 2e-Krystdei de lêste 16 op it krystsealtoernoai yn Frjentsjer, mar waarden troch in 1-0 ferlies útskeakele troch de lettere winners AB-Texel. Futsal Scharringa mei û.o. Bote Strikwerda, Wytze Lanting en Jacob van Wieren kamen oan ’t de lêste 8, mar waarden nei in 3-1 ferlies ek útskeakele troch AB Texel.

Snertrin
De snertrin is kommende sneon fansels foar eltsenien dy ’t SDS in waarm hert tadraacht. Wy ferwachtsje û.o. in hiel soad spilers út de senioaren fan SDS, mar ek A’s, B’s en C’s, supporters, heiten en memmen, frijwilligers, stipers, ensfh.

50

De frou fan de “omballingen” bij SDS VR1 en de mem fan fuotbaljende leden Teun, Wiebe en Tjitske is 50 wurden. En dat fierden se yn de bergen yn Eastenryk. Fan herte lokwinske!

Nocht oan ûnnocht

Van Gaal is op dit stuit de meast besprutsen persoan yn Ingelân. Hiel kreas dat hij de Krystdagen helle hat mar hellet er de tiisdei nei de kryst ek?

Harsens derby (1652)
Ek de jeugd fan Barcelona Tiki-takaat!