SDS wint fan Urk: Robert matchwinner!

SDS League: Stoke City wer de wykpriis!
11 november 2003
SDS League: De Meeste en Ideale Elf
13 november 2003

It 1e sealteam fan SDS hat juster mei 4-3 wûn fan Urk. Yn in drege en spannende partij wie it Robert Sybesma die ‘t yn ‘e lêste minút de winnende treffer makke.

In soad minsken wienen takommen op dizze topper yn ‘e twadde klasse. SDS hie alles noch wûn en Urk hie foar de wedstriid op ien nei alles noch wûn. By SDS die Robert Sybesma foar it earst nei syn blessure wer mei. Dit koe SDS wol brûke. SDS begie stadich oan ‘e wedstriid en liet Urk net yn hun spul komme. Fierder dan in pear skotsjes fan Anne, Robert en Willem kaam SDS noch net. Der wie foaryn moeilik trochhinne te kommen. Dochs makke Robert de 1-0 nei in goeie aksje. By Urk stienen der foaryn in pear sear behindige jonges die ‘t  it publyk sa no en dan efkes op ‘e banken krige. Urk makke al wer flot wer lyk, mar SDS kaam dernei mei 2-1 foar. Willem stjoerde Peter djip die ‘t de bal foarsette op de meikommende Feite. Feite koe de bal mei links ynsjitte. 2-1 like de rêststân te wurden wie it net dat de skeids efkes de tiid ferjitten wie. Hy liet lang trochspylje en Urk koe dochs wer lyk komme, 2-2.

De twadde helte die SDS der in skepke boppe op. Urk ferlear syn beste spiler mei in blessure en Urk waard wat tam. SDS koe hjir fan profitearje troch in beste goal fan Peter. Hy kapte de bal foar syn linker foet en skeat de bal ûnder de “Beer fan Urk” troch, 3-2. SDS probeare no dizze foarsprong wat langer fêst te hâlden. Dit slagge oan ‘t 4 minuten foar tiid. It waard 3-3. No wie it hinken op twa gedachten, gean foar de winst as foar in lykspul. SDS keas foar it earste en naam risiko’s. Dit pakte goed út. Urk krige noch inkelde kânskes, mar Jan Simon stie goed te keepen. It wie mei noch 1.20 minút op ‘e klok Robert die ‘t, nei in aksje fan Peter, allinne foar de keeper kaam en de bal knap lâns de keeper skode. 4-3. De skeids waard sein de tiid no wol goed yn ‘e gaten te hâlden. De sporthal stie efkes op ‘e kop. Urk kaam der net mear oan en de wedstriid wie dien.

Dizze wedstriid hie trije útblinkers; it publyk(yn grutte getale oanwêzich), de skiedsrjochter(best fluite) en fansels matchwinner Robert Sybesma. Hy die foar it earst wer mei nei syn blessure en dan yn ‘e lêste minút de winnende goal meitsje. Moaier kin net fansels.

Moandei spilet SDS út tsjin ZVVS.