SDS-League: Wykpriis wurdt dield!

SDS Vr1 troch nei de lêste 4!
25 april 2018
Keningsdeiweppers
27 april 2018

Dizze kear giet de SDS-League allinnich oer it trochdewykse programma fan ferline wike. Yn dizze wike mei de wykpriis dield wurde. Sawol ‘REJO’ fan Remon en Jorrit as ‘Aan de kant ik moet naar ’t stadion’ fan Sjoerd van Beem hawwe 58 punten. Foar ‘REJO’ is it alwer de twadde wykpriis dizze edysje.
 

Igors ‘Kali Kartel’ stiet noch altiten fier boppe-oan en stiet 11 punten los fan nûmer twa ‘FC Lopens’ fan Sjoerd de Vries dy’t samar fan 8 nei 2 giet. Dêrûnder is it tige spannend, want it ferskil tusken de nûmer 2 en 5 is mar 6 punten.

Martijns ‘Pablo Rispens’ sakket dizze wike as in bakstien. Wiken stie der boppe-oan, mar no sakket hy sels út de top 10 mei mar 13 punten en stiet hy 11e.

‘Henkie Cola’ bliuwt reade lantearndrager mei 22 punten efterstân op ‘Slachtepopke FC’ fan Broer-Jacob Greidanus.

Wy hawwe noch twa wiken te gean mei de SDS-League. It sil ús benije wa ’t wint!

SDS League 2017-2018 twadde helte wike 10