SDS Vr.1 ‘promovearre’ nei de 3e-Klasse!

Weppers tongersdei 25-6-2020
25 juni 2020
SDS JO15-2 slút seizoen ôf
27 juni 2020

It hiele seizoen stie SDS Vr.1 boppe-oan en ferlearen sy net in wedstriid, mar troch de koroana siet in kampioenskip foar SDS Vr.1 der net yn. Dochs is de promoasje wol behelle! SDS Vr.1 spilet takem jier yn de 3e-klasse. Dit hawwe sy dik en dik fertsjinne!
Yn augustus sille de froulju wer los ûnder lieding fan koach Akke-Rixt Zijsling en woansdeitejûn hienen sy de lêste training.
Hjirnei hawwe sy it seizoen ôfslúten en it ‘kampioenskip’ fierd mei in lytse neisit by Bergsma yn Easterein.