SDS JO15-2 slút seizoen ôf

SDS Vr.1 ‘promovearre’ nei de 3e-Klasse!
26 juni 2020
SDS JO13-1 stopt no ek
27 juni 2020

Omdat de rigels omtrint de corona wat fersûpele wienen, hawwe de lieders fan JO15-2, Tiede van der Velde en Theun Gaastra, dochs besletten om noch in ôfslútjûn te organisearjen foar de JO15-2. Foarich wykein binne de mannen te bbq’en west by Theun op de pleats. It waar wie prachtich! De lieders hawwe de mannen har mieltsje klearmakke en tusken troch waard der wer lekker balle. De mannen hawwe it tige nei it sin hân en wienen bliid dat se elkoar noch efkes seagen. Fansels waard ek trainer Aiso Agricola, op paste ôfstân, yn it sintsje setten foar syn ynset. De mannen wienen wiis mei him en foenen de trainingen super! In oanwinst foar SDS. Hy krige in bierpakket en in orgineel mûlekapke fan in SDS-sok. Foar in lytse fergoeding te bestellen by Jacomien Heeres. Ek yn oare kleuren, maten en soorten!

Der is ek noch in teamfoto makke, wat eins ek hast wol de kampioensfoto wêze kinnen hie. Want de mannen hienen dochs in start dizze twadde helte!!

Dus út namme fan de lieders in dikke duim! Jimme allegear, jimme âlders en Aiso, tige tank foar jimme ynset en in noflike fekânsje tawinske.

Tiede en Theun


Op de foto ûntbrekke Tiemen Groothoff, Mohammad, Abdul en Nouri.