Weppers tongersdei 25-6-2020

SDS 5 slút seizoen ôf
22 juni 2020
SDS Vr.1 ‘promovearre’ nei de 3e-Klasse!
26 juni 2020

Lêste trainingen

Wy binne hast oan de lêste trainingen fan dit seizoen ta. SDS Vr.1 trainde juster foar it lêst en jûn de mannen fan SDS 1 en de JO19-2. SDS 2 is tiisdei 30 juny de alderlêste dy ’t traind.

Teamyndielingen

De teamyndielingen binne sa goed as klear en komme ynkoarten hjir op de webside.

Yndieling kompetysje

Op 10 july makket de KNVB mei de yndieling fan de teams foar 2020-2021 foar A-kategory.

Yndieling beker

Op 24 july makket de KNVB de beker yndieling foar 2020-2021 foar de A- kategory

Koroana

Wij komme wer in stikje tichter bij it op nij begjinnen fan it fuotbal.  Rutte makke juster wer wat fersoepelingen bekend en wat dat foar it fuotbal betsjut hat de KNVB hjir oanjûn.

Nije Treffer

De nije Treffer leit noch by ús haadstiper Drukkerij Van der Eems, mar soe samar dit wykein by jim troch de bus lizze kinne.

Seizoenkaart sc Heerenveen

Sc Heerenveen hat ynmiddels al mear as 6000 seizoenkaarten ferkocht. Hjir kinne fansels noch folle mear by. Asto dyn seizoenkaart fan sc Heerenveen ferlingen giest of do keapest ien dan is dit de SDS-code; 7059420. SDS krijt fan eltse ferkochte of ferlingde seizoenkaart wêr ’t de SDS-code ynfuld wurdt €10,-. It soe moai wêze as wy as SDS’ers op dizze manier sawol sc Heerenveen as SDS stypje kinne!
Klik hjir om je seizoenkaart te ferlingen of te keapjen. Giesto foar it Gouden of Sulveren Pompeblêd?

Harsens derby (2237)

Ho…………………..