SDS-slotdei en sponserrin op sneon 12 juny

Doch ek mei oan de SDS-EK-League!
6 juni 2021
At dy oaren Efkes Balje
11 juni 2021

Op sneon 12 juny organisearet SDS op de Nationale Voetbaldag de SDS slotdei foar de jeugd fan de JO7 oant en mei de JO15 en de MO17.
De jeugdkommisje hat in alderaardichst programma ynelkoar draait:

Foar de slotdei kinne je hjir opjaan: opjefte slotdei
Wa ’t meidocht oan de slotdei docht ek mei oan de sponserrin. Je moatte je hjir dan ek efkes opjaan: opjefte sponserrin.
It is net per sé nedich om útwryks sponsers te sykjen. As elkenien no bygelyks 5 stipers fan 5 euries siket dan hawwe wy dit jier gjin dropaksje nedich en binne wy foar in grut part út de kosten.