At dy oaren Efkes Balje

SDS-slotdei en sponserrin op sneon 12 juny
7 juni 2021
Slotdei jeugd yn byld
12 juni 2021

Ik siet dizze edysje op de bank. Eigen kar. Dan sjogge mei oare eagen nei it spul. Sûnder dat gedraaf, sûnder swit, sûnder emoasje, sûnder adrenaline en sûnder in ferhaal.
No ja, hielendal sûnder dat dan ek wer net.
It kin best wol efkes oer de skuon gean fan Folkert Rients.

Of oer de foet fan Folkert Rients.
Want dy siet nêst mij op de bank.
De nije skuon pasten wol, mar se “metsten” net.
Dêr kinne Folkert en ik je it lang en breed oer ha, it wachtsjen wie op it skoft.
Want yn it fjild stiene wol wat deskundigen.
Erfaringsdeskundigen, analytyske deskundigen, saakkundigen, Scapino deskundigen, peesdeskundigen, sebeare deskundigen en ouwehoerdeskundigen
Konklúzje wie wol dat de foet der noch net ôf hoecht (dêr wiene alle deskundigen it oer iens) en dat oare oplossingen mear foar de foet lizze.
De bal leit no gewoan bij Folkert Rients sels.
Hij sil mei help fan soan Douwe Jan dy’t ek oanwêzich wie, de goeie en de tapasbere adfysen ûndersykje en útwurkje.
It is te hopen dat dat proses wat koarter duorret as de kabinetsformaasje.
De ploech mei de hesjes wiene troch de foet-skoech tûkelteammen fan Folkert Rients yn it foardiel en dat fertaalde him yn winst.
Hesjes: Lieuwe, Syb, Jurjen, Stan, Sipke, Douwe Jan en Harry
De oaren sûnder Folkert Rients: Klaas, Wouter, Kerst, Ferrie, Remco en, Robin

(Aant)