SDS "sealsoap" diel 2.

Nije stân SDS League: wike 13
28 mei 2003
SDS komt te koart.
31 mei 2003

Sa at jimme hjir foarige wike al lêze koenen, is it wat nuver stelt mei it sealfuotbaljen. Hjir it ferfolch fan ‘e “sealsoap”(wer ris wat oars as in sikehûs-soap)

SDS 1 is yn ‘e neikompetysje útskeakele troch RES. De kompetysje wie allinne noch net ôfrûn. No docht bliken dat RES kampioen wurden is omdat Lemsterlân 2 trije punten yn mindering krigen hat omdat sy de lêste wedstriid net opkamen daagjen. Lemsterlân 2 wie ommers dy ploech dy de spilers fan Lemsterlân 1(spylje haadklasse) fuotbalje liet omdat Lemsterlân 1 út de kompetysje setten wie.

RES is yntusken útskeakele yn ‘e neikompetysje troch Friesland College en GAVC. De beslissing soe dus falle yn ‘e wedstriid tusken Friesland College en GAVC. Neat mis mei. GAVC kaam allinne net opdagen en Friesland College promovearret sûnder te spyljen(?!).

RES is no dus kampioen. Út betroubare bron haw ik no fernaam dat RES net safolle nocht hat om te promovearjen en dat sy sa at it no liket folgend jier wer moai by SDS yn ‘e 2e klasse fuotbalje wolle……………..