Nije stân SDS League: wike 13

Mear as 100 besikers op ‘e webside!!
28 mei 2003
SDS "sealsoap" diel 2.
29 mei 2003

Hjir de ien nei lêste stân fan dit seizoen. Moarn (tongersdei) wurdt it allegear beslikke. Hooplik kinne jimme dan it wykein de einstân sjen op ‘e webside. Hy stiet fansels ek yn ‘e kommende Treffer.
 
It is wol dúdlik dat Hendrik de Jong sa goed op dreef is. By it 1e alvetal skoort hy oan ‘e rinnende bân en mai “Van Grutingea FC”stiet hy 1e yn ‘e SDS League. Hy is sels noch wer útrûn op meispiler yn it 1e, Gerrit Terpstra mei “November Rain”.
 
Jeroen Brouwer hat tiid oer no at hy net near hoeft te fuotbaljen en stekt dizze tiid dúdlik yn ‘e SDS League. Hy giet fan it 18e nei it 9e plak mei in wereld oan punten.
 
Feyenoord nêst de prizen, mar Peter S. pakt mei PSU dochs noch in wykpriis tegeare mei (hoe kin it ek oars) “Meiinoar ien”fan grinsrjochter AP.
 
LH sit yn ‘e lette tsjinst en hat gjin tiid foar it fuotbaljen. Hy sakket mei PHILO fan it 9e nei it 16e plak.
 
“Het Linkerrijtje”(MW) bliuwt 100e.
 
Groetnis, Willem.
 
Foar de nije stân kinne jimme hjir klikke: wike 13