SDS op OFK (slot)

Sealtoernooi B en C junioren
8 januari 2016
Weppers moandei 11-1
10 januari 2016

OFK- finaledei
SDS âld seal wie sneon aktyf op de finaledei fan it Iepen Frysk Kampioenskip Sealfuotbal yn Frjentsjer.
De earste fan de trije poule wedstriden waard mei 2-0 reglementêr wûn omdat tsjinstanner Emmeloord fjild 5 minuten te let op it fjild wie.

SDS hie mei 9 man in brede seleksje mei in keur oan doelmannen at it nedich wie.
Willem, Jaap, Tjipke, Feite Jacob Klaas, Skelte, Pieter, Habtamu en Jan Simon.
Sa as altyd wie Willem Overal de flagger.

De twadde wedstriid wie tsjin WPB seal. It waard in 4-1 oerwinning en troch dizze útslach wie pleatsing al seker foardat de lêste wedstriid spile wurde moast.
Dy lêste wedstriid wie tsjin Foarút  seal. Dat wie in potsje wat foar Foarút fan belang wie. Sij moasten winne en mei 0-2 foar like dat er ek wol op. Mar SDS kaam sterk werom en skoarde yn ien fan de lêste minúten de 2-2, op it selde momint dat WPB de winst pakte tsjin Emmeloord.
Sa gyngen SDS en WPB seal troch.

SDS – Overzwaluwen  (achtste finale)
It  koe yn de reguliere tiid alle kanten op en doe’t SDS op 1-0 kaam like it in kwesty fan útspyljen. Dat slagge krekt net. Yn de alderlêste  minút waard it 1-1 en strafskoppen moasten de beslissing bringe.
In strafskoppen searje fan trije wêrbij Feite de earste miste, Jacob Klaas en Skelte wol skoarden en gelokkich misten de Oversweltsjes ek ien.
Doe wie it om en om. Alle SDS skoarden doe’t de keepers oan bar wiene en Jan Simon skoarde….

doe wie de spanning te snijen. De talrike SDS supoorters koene juiche want de doelman fan Oeverzwaluwen skoarde dus net…Hij skoode de man rjochts neist it doel…. (klik op foto)

SDS – VVI

Yn de kwartfinale moast SDS it opnimme tsjin it ferrassend sterke VVI. 1-0 waard 2-0, it waard efkes spannend mei 2-1 mar VVI makke de 3-1 en waarden heale finalist, en finalist en winner..

Konkluuzje Aant 
1. SDS (âld) seal hat it prima dien mei taktysk sterk spul..
2. De oanfulling út de jongerein (Habtamu en Piter)beloofd in soad.
3. Yn eigen stêd in strafskop goed nimme is noch net sa maklik.
4. It goed nimmen fan in strafskop is net ôfhinklik fan de tiid dat je de jûns fan te foaren op bêd gean.
5. Der wie in protte folk op it OFK en SDS wie op de tribune prima fertsjintwurdige.

Froulju
Bij de froulju wûn Nieuw Roden it toernooi en der die dochs noch ien SDS frou mei. Akke Rixt bij SDS op it fjild aktyf die no mei de ONS BOSO froulju mei.