Programma SDS-nijjierssit

SDS Vr1 op OFK
4 januari 2019
SDS-nijjierssit 2019
6 januari 2019

Fuotbalmikstoernoai

Sa ’n 75 fuotballers wurde fannemiddei om 13.00 oere ferwachte op it fuotbalfjild yn Easterein. Nei de groepsfoto sille sy mei 8 teams útein yn in 8 tsjin 8-ternoai stride om de 1e-priis.

Klaverjasse

Sa ’n 18 kaarters wurde der fannemiddei ferwachte by it klaverjassen op de nijjierssit. Der wurde sa ’n trije of fjouwer rondes kaarten mei 12 bomen. Efkes ôfhinkelijk fan de tiid. Der binne leuke pryskes te winnen. Wat de pryskes binne is noch in ferrassing, mar hooplik binne der gjin fegetariërs dy ’t goed kaarte kinne. 😉

Kuierje

Rûn 14.00 oere sil Bauke de Boer mei guon SDS ‘ers efkes in blokje om. Net te fier, mar noflik efkes útwaaie en moai op ‘e tiid werom yn de kantine foar in hapke en in snapke.

Muzyk

Gerrit Poortinga sil fanôf in oer as 17.00 oere los mei it spyljen fan in alderaardichst stikje muzyk!

Oant fannemiddei!

Elkenien is wolkom!