SDS muoisum lâns Warkum

Utslaggen 29-3-2003
29 maart 2003
SDS 5 lêst fan fûgelpest
30 maart 2003

SDS muoisum lâns Warkum

 

At je ek mei min fuotbal wedstriden begjinne te winnen, dan binne je hast altiten in kampioenskandidaat. Derom sit it mei SDS wol goed yn dizze klasse, want Warkum, ûnderwilens degradaasjekandidaat, waard ferslein yn in hiel matige wedstriid.

SDS begûn te slop oan de wedstriid en troch it felle spul fan Warkum slagge it net om goed yn de wedstriid te kommen.

Dochs kaam SDS op 0-1. Floris Hiemstra mocht in vrije traap nimme en soarge yn de 15de minut foar de foarsprong.

Warkum bleau it spul fan SDS goed ûntregelen troch koart op de man te spyljen en sa moast SDS in protte de lange bal hanteare. Der kamen net folle kansen út. Warkum wie miskien wol mear yn balbesit, mar kaam op it kopbal op de latte nei, net echt gefaarlik foar it doel fan Egbert Bootsma.

It waard sels 0-2. In prachtige lange bal fan Floris Hiemstra op de djipgeande Anne Stenekes waard prima foarjûn op Hindrik de Jong en dy skoorde.

Nei de rêst feroare der oan it byld net folle. It wie allinne Warkum dat no skoorde yn stee fan SDS. Ut de rebound fan in frije traap waard it 1-2.

Mei noch 30 minuten op de klok krige SDS it wol dreech, omdat Warkum tige foarút fuotballe. SDS wist hast gjin kansen te kreeren, útsein in grutte kans fan Hindrik de Jong.

Trainer Kees Jansen hie betrouwen yn syn jonge bank, want hy sette Durk Yde Sjaarda, Skelte Anema en Tjeerd Breeuwsma  noch yn om de oerwinning der út te slepen.

Dat slagge want Warkum wie oan de 16 gefaarlik en fierders net. Dêrmei sit SDS noch prima yn de race mei noch 6 wedstriden te gean. De titel is net útsletten en foar de twadde periode leit ek noch in mooglikheid. Kommende sneon komt Makkum nei Easterein en dêrmei kin SDS de puntrike lêste wiken trochsette. Tsjeard Halbersma sil der net by wêze, want hy krige yn Warkum syn tredde giele kaart en is skorst.