SDS 5 lêst fan fûgelpest

SDS muoisum lâns Warkum
30 maart 2003
Chris Houtsma nei kermis troch 5 doelpunten soan
31 maart 2003

De feteranen binne it spoar hielendal bjuster. Oerwinnings wurde der net mear helle en oarsaken binne hast net mear te finen.

It sil dochs net de fûgelpest wêze: Te folle feteranen hawwe wat mei fûgels en it kin wêze dat dit ûnheil yn de kopkes omtoarket fan  de oars wol geroutinearde spilers.

Sa tink ik oan Eddy de Boer dy’t syn ljipaai noch fine moat, oan Jelle de Boer dy’t swiere teleskoopkikers nedich hat om skriezen yn de omjouwing te finen, oan Klaas Molemaker dy’t wol by syn hinnen op stok sitte wol at harren mar neat oerkomt, oan Teun Boonstra dy’t net pronkje kin mei syn fûgels op in sjow, oan Stoffel dy’t as jaaier neat mei fûgels hat en oan Aant dy’t ek neat mei fûgels hat mar in grutte fan is fan Sibe de Seefûgel, de lêste kolumnist fan de Treffer.

It skynt dat de help fan Ted Troost al ynroppen is by in inkele om it goeie spoar wer te finen. Tsjin Bitgum slagge dat ien helte. Mei goed en agressyf spul, waarden de jongelju fan Bitgum dy’t wierskynlik kampioen wurde, op 0-1 holden oan de thee ta. Nei de thee wiene de spieren al stiif en foardat dy wer los wiene, stie it al 0-3. Der bleau neat oars oer as de wedstriid wat útfuotbalje op dêrmei de kondysje wat op peil te krijen.

Dat slagge net elkenien. Sjoerd Postma, de fluiter, fûn dat Eddy wol wat earder brûze koe en dizze hat dan ek in soad út te lizzen oan syn grutte treast (troost)

Gelokkich smakke it bier nei de tiid wol as wie der in oerwinning helle.

Oh ja, de einstân wie 0-5.