SDS: minder goals as oare jieren!

Wepperkes -woansdei-
11 april 2007
Wepperkes -tongersdei-
12 april 2007

Mei noch in oantal wedstriden te spyljen hjir it oersjoch fan de doelpunten skoart troch de 20 SDS teams.


Yn it neijier hienen we trije teams minder as it neijier fan it ferline seizoen. En we skoarden ek wat minder (-47). Yn it foarjier ha we no 20 teams en dy ha 267 kear skoart. Dat is mar leafst 235 minder as ferline foarjier. Soenen we die oantal noch meitsje kinne? Dat is mear as 11 goals per team! Wa wit.

 

Dan efkes nei de stân. Boppeoan stiet E4, mar die hat it dreger yn it foarjier. SDS 3 en SDS 5 dogge it goed yn de kompetysje en steane ek hjir yn it lofter rygje. By de measte ploegen falt it op dat der folle minder skoart wurd as yn it neijier. Wer soe dat oan lizze? SDS F5 set goed útein en hat al 21 goals. Wat opfalt yn de kompetysjes is dat 11 fan de 20 ploegen by de ûnderste helte stean. Soenen we ús soargen meitsje moatte? As is der in ferklearing foar? Te swier yndield is te makkelik fansels, dat we moatte miskien fierder sykje. We sille yn maaie sjen wat de einstân is fan de doelpunten en de kompetysjes.

 

Groetnis,

Klaas