Wepperkes -woansdei-

SDS League: Henk Postma pakt wykpriis!
10 april 2007
SDS: minder goals as oare jieren!
12 april 2007

Net oan de pealtsjes!

Op fersyk fan de Skoalleseize moatte de pealtsjes stean bliuwe. Dit binne de úteinden fan de drainage.
Dus net brûke om in bal út de feart te healjen!
Groetnis
Douwe

Bjusterbaarlik
Inkelde wiken werom gie Hendrik de Jong troch de knibbel en it seizoen like dien. Hy is foar MRI west en wachtet noch op útslach. No is it allinnich ynmiddels sa dat Hendrik nei him “ferstapt” te hawwen gjin lêst mear fan de knibbel hat. Hy hat sels justerjûn wer traint……. Wy wachtsje it ôf.

Slotjûn jeugd op 11 maaie
Hallo jongens en meisjes, 
Na het grote succes van vorig jaar organiseert de jeugdcommissie van SDS ook
dit jaar weer een slotavond voor de D, E en F-pupillen. Je wordt op vrijdag 11 mei a.s. om 16.45 uur verwacht op het sportveld van Oosterend.
We beginnen om 17.00 uur en om ongeveer 20.00 uur is het afgelopen.
Aan de invulling van deze avond is niets veranderd. Dus ook dit jaar is er een spellencircuit (wel met nieuwe
balvaardigheidsspelletjes!), partijtje voetbal en penalty schieten. Natuurlijk is er voor iedereen tussendoor weer lekkere patat met drinken. De slotavond wordt afgesloten met de grote finale penalty schieten. Grote vraag is wie dit jaar de wisselbeker overneemt van Allert Turksma, de winnaar van vorig jaar.
Wij als jeugdcommissie van SDS nodigen jouw uit en wij hopen ook deze keer op een grote opkomst. Natuurlijk zijn jullie ouders ook uitgenodigd om jullie aan te moedigen. Tot 11 mei!!! 
Jeugdcommissie SDS

Sertifikaten te keap
Jim hawwe yn jim doarpskrantsje lêze kinne dat de Skoalleseize noch wol wat sinten noadich hat om it nije ferieningsgebou te finansieren. Sy wolle dit dwaan mei de ferkeap fan sertifikaten. Sjoch hjir hoe ’t jim sa ’n sertifikaat keapje kinne(klik
hjir).

Trainingsbroek?
Wie weet waar mijn zwarte trainingsbroek van UMBRO maat 140 is ? Vermist sinds ca. 2 weken in 1 van de kleedhokken van S.D.S.  Groeten van Sytze de Boer  Swingoerd 15 Wommels  E4
(mail hjir hinne)

ONT
ONT hat justerjûn mei 3-2 út ferlern by QVC. Hjirtroch krije sy it ek noch dreech om yn de 2e Klasse te bliuwen. Sjoch hjir foar de stân(klik
hjir).

Doelpunten SDS
Klaas Pompstra hat wer in moai oersjoch makke fan alle doelpunten by SDS. Moarn kinne jim syn oersjoch hjir besjen en syn einkonkluusje.

7-klapper
Manchester United wûn juster mei dikke sifers fan AS Roma. Wa’t net oan ’t jûn let op de samenvatting wachtsje wol kin it hjir sjen(klik
hjir).

Hast…….
De keeper trapet de bal in ein út, de bal stuitet oer je keeper, mar lokkich genôch binne je noch krekt op ‘e tiid om de bal in hijs te jaan….of net(klik
hjir). Let mei nammen op de ballenjongen krekt njonken de goal!