SDS-League: ‘vv DWO’ pakt de earste wykpriis!

SDS stypje mei Rabo ClubSupport!
21 oktober 2020
Efkes net balje
23 oktober 2020

Wy binne tige bliid dat ûndanks de nijste koronarigels de SDS-League ‘gewoan’ troch gean kin. Fansels binne der iets minder dielnimmers as oars, mar dat is logysk as je net efkes nei in wedstriid op sneon mei syn allen efkes in teamke foar de SDS-League meitsje kinne yn de kantine. Dochs falt it ús neat ôf dat wy dochs wer los meie mei 51 dielnimmers.

De earste wykpriis wurdt pakt troch ‘vv DWO’ fan Durk Okkema. Hy hie krekt 3 puntsjes mear as ‘FC Ricketik’ fan Rick Hendriks. Opfallend is dat der mar 4 spilers binne dy ’t sy beiden opsteld hawwe.

Opfallend is dat mar leafst 35 teams Pavlidis fan Willem II opsteld hawwe, mar dat de nûmers 1,2 en 3 him net opsteld hawwe.

Moai dat der wer safolle SDS’ers om útens meidogge. Sa dogge Kris Gaastra & Thor Ruiter, Grietzen Broersma, Jan Mulder, Tsjalling Sikma, Hendrik Eringa, Rémon Rameau en Okke van der Kamp mei. Ek ús fêste dielnimmers út Lollum, Thys en Simon Bruinsma, dogge wer mei.

Annejan Hallema hat foar in keunststikje soarge yn dizze SDS-League. Hy docht mei twa teams mei dy ’t mar op in pear plakken oerienkomme en dochs slagget it him om mei beide teams, ‘Bijna de besten’ en P.A.-United’, 45 punten te pakken.

Aant Hofstra giet mei ‘Ut de losse pols’ foar de poedelpriis, de nije SDS-paraplu. Hy begjint as nûmer lêst, mar hat lyk konkurrinsje fan syn omkesizzer Gerlof-Jan Hofstra dy ’t mei ‘FC Op nei de top’ noch in lange wei te gean hat, want hy hat mar 7 puntsjes mear.

De ‘paraploedelpriis’.

Sjoch hjir foar de nijste stân: SDS League 2020-2021 earste helte stand wike 1