Efkes net balje

SDS-League: ‘vv DWO’ pakt de earste wykpriis!
22 oktober 2020
Oefenprogramma sneon 24-10-2020
23 oktober 2020

“Ik bin der” appde de iene Pieter hjoed en hij sil fêst allinne west ha op it trainingsfjild.

Allinne balje dat mei fan opperhollen Mark en Hugo.

De oare Efkes Ballers hiene it lykwols drok mei oare saken. Wichtige saken.


De frije útrinhinnen moatte nei binnen en Harrie Kooistra hie it der drok mei yn Hinnaard. Hij moast se sels út de tún helje bij Wybren Jorritsma dy’t fierderop wennet, want dêr dikten se harren op mei sied fan in krekt ynsiedde stikje lân.

Yn Itens súdeast hie de famylje Korbach it ek drok mei “alle hinnen sammelje”. It waard in echte survival troch hiel súd en de eigen tún. De dikste hin waard apart holden. “Dy kin wol yn de sop dit wykein, sei Ferrie,

“wer ris wat oars as papagaaiensop”.

Folkert Rients Vellinga hie fanút syn eftertún troch de hege temperatuer de earste ljippen sjoen op Skrok en hij hoopte it earste aai fan Wommels te finen (dat kin al gau).

Ek miende hij skries Amalia te sjen, mar dat kin krekt sa goed it regearingstastel west hawwe, ûnderweis nei in Gryks eilân.

De oare Pieter makke syn meters freed wol mei it hieltyd opnij opsetten fan de nije plaat fan Bruce Springsteen mei syn E band.

Sneon moat hij bijkomme en dat kin moai mei de cd fan Bruce op repeat.

Wouter Hylkema en Menno de Vries sjogge mei lede eagen oan hokker wedstriden sij yn de Championship yn Ingelân net bijwenje kinne.

Sij meitsje in winskenlist oant 2040 ta en komme wykeinen tekoart

Johan Heerma laket yn syn fûst:

hij kin moai wat langer herstelle fan syn blessure.

Sipke Hiemstra hie al kontakt hân mei de direkteur fan de keatsbûn at er net in ynlaste keatswedstriid plak fine koe

(mei in ynternasjonale skiedsrjochter) mar Jan Braaksma woe it út noch yn en om gjin kweapraat te krijen moast it mar net wêze.

Saaklik is it net in fet (patat) jier mar sportyf sjoen giet it wol fetgoed mei Bonne Wiersma. Hij is der faker wol as net.

At it lang duorret makket hij in fuotbalkoai fan syn loads. Dit wykein bûcht hij him oer de earste tekeningen.

De twa K’s wurde dûbel troffen mei dizze net echt yntellektuele beheiningen. Klaas van der Weg en Kerst Hoekstra kinne en net op freed bij it Efkes Baljen en net op sneon bij SDS 5.

Sij oerwage freedtejûn ek op biljerten te gean foar it gefal dat.

Dan hawwe wij noch de skriuwer fan dit stikje.
Syn stappenteller soe wat efter bliuwe hjoed,

mar dêr hat hij wat op fûn.
Hij nimt  dus wat earder ien op it wykein as oars omdat hij dit stikje al rom op tiid skriuwe koe.
Aant