Weppers freed 21-12-2018

SDS-League: ‘Vellinga-Dijkstra’ pakt de wykpriis!
19 december 2018
Tuskenstân SDS-League
23 december 2018

Programma

Der wurdt sneon yn de seal fuotballe troch ferskate SDS teams. Sjoch it programma hjir ûnder.

Tijd Thuisteam Uitteam Plaats
13:05 SDS JO13-1 FVC JO13-2 LEEUWARDEN
13:55 Frisia JO13-1 SDS JO13-1 LEEUWARDEN
13:40 SDS JO12-2 Friesland JO12-1 GROU
14:30 Frisia JO12-5 SDS JO12-2 GROU
11:00 SDS JO11-1 Oosterlittens JO11-1 LEEUWARDEN
12:00 FVC JO11-1 SDS JO11-1 LEEUWARDEN
14:30 Frisia JO10-4 SDS JO10-1 LEEUWARDEN
15:10 SDS JO10-1 SC Bolsward JO10-3 LEEUWARDEN
12:15 Nicator JO9-2 SDS JO9-1 LEEUWARDEN
13:00 SDS JO9-1 Frisia JO9-4 LEEUWARDEN

Tuskenstanden winterstop

Hoe’t de SDS teams der foar steane kinne jim hjir noch sjen.

Sealtraine

SDS JO17-1 en JO17-2 traine jûn yn de seal yn Easterein fan 19.00-21.00 oere.

Sealtraine (2)

SDS JO19-1 traint tongersdei 27 desimber yn de seal fan 20.00-22.00 oere.

SDS’ers yn de seal yn Frjentsjer

Sneontejûn binne de earste foarrondes foar it Krysttoernoai yn Frjentsjer. Der docht ek in ploegje SDS’ers mei; Jaap, Erik, Jacob-Klaas, Tsjipke, Pieter, Matthijs, Skelte en Willem sille sjen as sy in goeie ‘buoium’ lizze kine foar 2e Krystdei. Hjir kinne jim it hiele spylskema fine.
18.00 oere Welgeschikt – SDS
18.36 oere SDS – Café De Posthoorn
19.12 oere Dr. Oetker – SDS
19.48 oere Royal Steensma – SDS

Yn Groot Sneek


Dizze wike yn de altyd nijsgjirrige krante út Snits in artikel oer Leanbedriuw Okkema, ien fan ús sponsers.

Ynhelje

Der is moarn noch in inkele ynhelwedstriid yn it amateurfuotbal. Sa stiet de wedstriid Willemsoord 1-Heerenveense Boys 1 yn 3A op it programma en tichterbij ek nijsgjirrich de wedstriid yn de twadde klasse Nijland 1 – Hardegarijp 1. Dizze wedstriid giet net troch

Ut de âlde doaze fan 2006-2007

Wij hawwe it seizoen 2006-2007 (krekt werom yn de twadde klaase nei in koart avontoer yn de earste klasse) ek online setten en QVC wie ien fan de tsjinstanners yn dy twadde klasse.

2006-2007

Alle krantestikjes fan SDS 1 yn it seizoen 2006-2007 kinne jim hjir sjen.

Moai bybaantsje

Hasto in bult ferstân fan fuotbaljen dan is dit bybaantsje krekt foar dy (klik hjir).

Harsens derby (2087)

Toet, toet!!