Weppers tongersdei 17-12

SDS League: "Tredde helte" pakt wykpriis!
16 december 2015
Weppers freed 18-12
17 december 2015

SDS-krystsealtoernoai F-pupillen
Sneon is wer it jierlijkse krystsealtoernoai foar F-pupillen yn de sporthal yn Easterein. De F’kes kinne der
hjir alles oer lêze en harren opjaan oan ’t jûn 23.59 oere. It toernoai begjint sneon om 9.00 oere. Fansels binne pake en beppes, buorlje, fage kennisen, heiten en memmen, maitresses en wa ek mar fan herte wolkom om efkes by it sealfuotbaljen te sjen.

SDS Vr1
De fammen fan VR1 hawwe justerjûn oefene yn Boalsert. sc Bolsward MB1 wie de tsjinstanner en bij it skoft wie 2-1 en de doelpuntenmakster wie Gerry Edou. De einstân wie …..

Koach en kick
De ús allegear bekende Jan Stenekes wie justerjûn yn it programma Bynt op tv. Jim kinne
hjir sjen wat hij sa al docht neidat hij it ûnderwiis ferlitten hat.

Yn de kantine
Fansels witte wy ek dat Jan ek graach yn de kantine stean mei. Jûn stiet hy efter de bar en wy geane der fan út dat hy de kantine yn hegere krystsferen bringe sil. SDS 2 traint jûn sawiesa en miskien giet Harm Abma ek noch wol efkes los mei SDS 3 en 4? Miskien komt der ek noch wol in yntersessante bekerwedstryd op it skerm (Feyenoord – Willem II).

Kantine ticht
Kommende sneon is de kantine ticht. Der is gjin fuotbaljen yn Easterein en SDS 2 moat om 12.00 oere yn Nijlân en SDS 3 om 15.30 oere yn Boalsert.

Nije trainer SDS 1
Moarn hoopje wy hjir bekend te meitsjen wa ’t folgend seizoen de nije trainer fan SDS 1 wêze sil.

4 juny
Sneon 4 juny stiet bij tal fan SDS’ers al yn de agenda: De
Slachtemaraton. Sa’n dei kinne je drave en rinne fan Easterbierrum nei Raard.
Wat soe it moai wêze om op 2 jannewaris in earste loopke al efkes te dwaan bij de SDS snertrin. Drave of rinne, it kin beide. De basis lizze om fluch of fit de 42 kilometer te gean.

RABO-ledensponsering
Je kinne der foar soargje dat SDS troch de Rabobank ekstra stipe wurdt. As je lid binne (of wurde) fan de Rabobank dan kinne je harren freegje 5 euro te stoarten op de rekken fan SDS. Dit kin de hiele moanne desimber.
It kostet je sels neat!
Je meie je gegevens
hjir ynfulle.
De kode fan SDS is: RLS_281


Harsens derby (1642)
Toet, toet!






Letter miskien mear!