SDS League: Team Klaas rint út!

Weppers woansdei 3-11
2 november 2010
Weppers tongersdei 4-11
3 november 2010

Dizze kear wienen der aardich wat punten te fertsjinjen. De punten fan wike 6 en 7 moasten yn ien kear ferrekene wurde en der wie ek noch in trochdewyks programma. It falt ús allinnich op dat der net in hiel soad feroare is yn de stân.

Klaas Dijkstra behâld de kopposysje en pakt ek noch de wykpriis. Hy rint dêrtroch samar efkes 14 punten út op nûmer 2, “Ozzy” fan Hendrik Eringa.
  

Lykas Klaas Dijkstra hienen Jappie en Sjanet Wijnia ek 146 punten. Dêrom krije sy ek in wykpriis. “PSV Kampioen” koe de punten wol brûke. Sy geane no fan 52 nei 29.

“Hajduk Haitsma” fan Jacob-Klaas docht dizze wike ek goeie saken. Hy giet fan 6 nei 3.


“Snipperdei” fan Sytse Hibma docht lykas syn maat “Sweinni” fan Bram van Beem goeie saken. Sytse giet fan 19 nei 9 en Bram fan 25 nei 11.

Greet Bouma bliuwt mei “NHIBD”(Neerlands Hoop in Bange Dagen) de reade lantearndrager. Sy bliuwt har man, Lolke Bouma mei syn “Butchers” noch krekt 9 punten efter.


Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 6 en 7.