SDS League: "Team Klaas" rint út!

Weppers tongersdei 11-11
10 november 2010
Weppers freed 12-11
11 november 2010

De wykpriis giet dizze wike rjochting Lollum. Thys en Simon Bruinsma pakke mei de “Funky Boys” 47 punten en dêrmei de wykpriis. Sy hawwe 5 mear as “Team Klaas”(Dijkstra) dy ’t op ‘e nij goeie saken docht. Klaas rint op ‘e nij út op nûmer 2 “OZZY”(Hendrik Eringa).

Klaas Dijkstra rint op ‘e nij út….

Yn de top 10 feroaret net folle. Allinnich Appie Posthumus hat in minne wike en sakket mei syn “Wrotters” fan 4 nei 11.

Fan “Sweinni” krije wy wat it hin en wer. Bram van Beem gie foarige wike noch fan 25 nei 11 en no giet hy fan 11 nei 25. Wienen it setels west dan hie Bram der fêst frede mei hân………. 

Greet Bouma bliuwt mei “NHIBD”(Neerlands Hoop in Bange Dagen) de reade lantearndrager. Har man, Lolke Bouma mei syn “Butchers” rint wat op har út. It gat wie 9 punten en no 16.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 8.