Wepperkes -tongersdei-

Foarrondes Midwintercup 2008
2 januari 2008
SDS League: Sybren Wijnia pakt de 1e priis!
3 januari 2008

Snertrace(1)

Sneon  5 januari 2008 foarôfgeand oan de nijjiersresepsje sil der wer in snertloop organiseare wurde. Fanôf de A-junioaren kin eltsenien wa’t in bining hat mei SDS hjir oan meidwaan. De oanfang sil wêze om 14.00 oere  by de yngong fan de Skoalleseize. Nei ôfrin is der foar de dielnimmers in lekkere kop snert yn de kantine.

Wy rekkenje krekt like as ferline jier op in grutte opkomst.     

De aktiviteitenkommisje.



Snertrintocht(2)
Foar de minder snelle minsken ûnder ús is der ek in rintocht úsetten. Dit begjint ek om 14.00.

Sjonge
Ôfrûne sneon fierde âld-SDS-trainer Klaas Dijkstra syn 50e jierdei yn de kantine fan in tennishal yn Ljouwert. Hy hie ferskeidene SDS’ers útnoege. Sa wienen û.o. Anne Brouwer, Jappie Wijnia, Wichard Deinum en Geert en Gatske Hiemstra dêr.
Anne Brouwer koe him heuge dat Klaas Dijkstra syn skoanheit, Geert ten Boom, yn it ferline wol gauris optreden hie yn de SDS-kantine. Dit wie him doe wol befallen en hy rûn lyk nei Klaas Dijkstra ta en frege;”It is oars net sa gek as Geert jûn efkes in ferske sjongt”. Klaas Dijkstra makke der lyk wurk fan en rûn de seal wer yn om Geert te sykjen.
Mei nammen de SDS’ers seagen raar op doe ’t efkes letter net Geert ten Boom mar Geert Hiemstra efter de mikrofoan stie. Hy wie frege om efkes in ferske te sjongen. Hy hie net tocht dat syn talinten sa opfallen wienen, mar woe best in liet fan Jannes sjonge………
It liet fan Feyenoord bleaun dit kear efterwege.

Einstân SDS League
De einstân fan de SDS League is klear. Jûn kinne jim him hjir sjen.

Ûndersyk
Jan Stenekes fielt him al wiken net fit. Moarn moat hy foar ûndersyk. Wy hoopje foar him dat dit net al te belestend wêze sil(klik
hjir).

Look-a-like-kwis
De “look-a-like-kwis” fan de VI wie net maklik. Dochs leit it allegear aardich foar de hân as je no de antwurden sa sjogge(klik hjir).