SDS League: Superguidetti pakt wykpriis!

Weppers woansdei 24-10
24 oktober 2012
Weppers tongersdei 25-10
24 oktober 2012

Yn de wike foar Ajax-Feyenoord wint Dirk-Yde Sjaarda mei “Superguidetti” de wykpriis yn de SDS League. Hy hie mei 48 punten krekt ien mear as “FC Interpretatie Divergentie” fan Hendrik de Jong.


Oan de kop fan it klassement is it spannend. Koprinner “Balletje, balletje”(Grietzen Broersma) wurdt op de hûd sitten troch de froulju fan “JorImke”(Jorine & Imke). Grietzen stiet no 3 puntsjes foar. Dêrûnder sit in grut gat. Marten Faber stiet namelijk 3e mei mar leafst 26 punten efterstân op “JorImke”.

“De Beem Boys” fan Sjoerd sakje dizze wike fan 11 nei 20, mar dat sil Sjoerd syn fakansje net bedjerre. It gat mei “Torpedo Toering” fan Jaap bliuwt noch altiten 54 punten.

Johan Delfsma siet ôfrûne wykein mei syn skoanâlden yn Dútslân en dan kinne je net ferwachtsje dat je team yn de SDS League goeie saken docht. Hy hie noch gelok dat Marco Pappa debuteare by SC Heerenveen en efkes 5 punten foar him pakte en Matavz yn it lêst noch skoorde foar PSV, want oars seach it der wol hiel beroerd út. Hy pakt no mei “Hatsikidee” 16 punten en hat noch gelok dat Erwin de Boer mei “FC Grasmat” stiif ûnderoan stiet, want oars hie hy de reade lantearn ek noch oernimme kinnen.


Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 5.