SDS-League: ‘Skopploech read’ pakt wykpriis!

Weppers tiisdei 26-2-2019
26 februari 2019
Weppers tongersdei 28-2-2019
28 februari 2019

It is dizze wike tige ferrassend ‘Skopploech read’ fan Jildert van der Werf dy ’t de wykpriis pakt. Hy gie spesjaal nei Sint Maarten om der oer nei te tinken wat foar nij team hy meitsje soe foar de twadde helte fan de SDS-League en kaam te let werom om syn nije team yn te leverjen wêrtroch alles by it âlde bleaun. Uteinlik levert him dat no de wykpriis op mei mar leafst 63 punten. Hy giet dêrmei fan it 65e plak nei it 45e plak.
Matthijs Postma hie ek net in gekke wike mei ‘Huts!’, mar komt 5 punten te koart foar de wykpriis.

‘Jelsmanian Devils’ fan Jan-Simon Jelsma stiet noch altiten boppe-oan yn de SDS-League al is it ferskil noch mar ien puntsje mei nûmer twa ‘FC Underdog’ fan Anouk Delfsma.

De Hoekstra’s Robert en Marc begjinne net gek oan dizze SDS-League. Sy binne dan beide wol wat sakke, mar steane noch altiten 7e en 8e mei ‘FC Kratje’ en ‘Hoekie Boys’.

‘Onbesuisde Hokkeling’ fan Tjerk & Lourens van der Pol giet der dizze wike wol hiel ‘onbesuisd’ yn en pakt mar 24 punten. Sy sakje dan ek fan it 18e nei it 54e plak……..

Thys Bruinsma sakket dizze wike raar troch it iis mei ‘FC Lollum’ en pakt mar 27 punten. Dit levert him samar de reade lantearn op al is de konkurrinsje net fier fuort.

 

SDS League 2018-2019 stand twadde helte wike 3