SDS League: Sing Song Ling pakt de wykpriis!

Wepperkes -moandei-
21 oktober 2007
Wepperkes -woansdei-
23 oktober 2007


It is dizze wike Sing Song Ling fan Wybren Jorritsma dy ’t de wykpriis pakt. Sa fertsjinnet hy mei syn team al gau in maandmenu by de Sjinees.

Wy tochten dat it team fan Wybren it hawwe moast fan Koevermans(PSV) it ôfrûne wykein. Hy skoorde ommers 2 kear. Dizze hat Wybren der net iens yn. It docht bliken dat de efterhoede in bult punten pakt hawwe. Sa pakten De Cler(FEY) en Silva(GRO) beide 7 punten foar Sing Song Ling.

De Eastender Nightmares fan Sybren Wijnia steane noch altiten dik boppe-oan. Sy hawwe mar leafst 14 punten mear as nûmer twa The Butchers fan Lolke Bouma.

Hans Kooistra hie it dit wykein smoardrok mei de iepening fan de nije kantine. Syn Team Kooistra pakte dan ek mar 6 punten.

PvanP(Pieter-Lieuwe) bliuwt gewoan stiif lêste mei mar 10 punten fan ‘e wike.


Sjoch hjir foar de nijste stân: klik
hjir.