Weppers freed 4-3

Seleksjes sneon 5-3
3 maart 2016
SDS League: Rick pakt kopposysje!
4 maart 2016

Efkes netBalje
It is dúdlik dat er jûn net balle wurdt. It is wat wiet en boppedat bin der tal fan ôfsizzingen. Nije wike wer nije kânsen

It programma
It programma fan sneon sjocht er
sa út. Wij binne benijd hoe’t it komt. De VR1 hawwe yn alle gefallen gjin programma. NOK hie te min spylsters. Ek SDS 1 giet net troch. It fjild yn Snits by WPB is no al ôfkeurd.

G.n.t.
De wedstriden oan ’t 12.00 oere foar moarn yn Easterein binne ôflast. Om 12.00 oere wurdt it fjild op ‘e nij keurd om te sjen as SDS 2 om 14.30 oere fuotbalje kin tsjin Lions 2.

Traine?
SDS 1 hat juster traind yn Nijehoarne op keunstgers. De iene helte fan it fjild mocht SDS 1 brûke en de oare helte wie foar vv Scharnegoutum 1. It koe fansels net útbliuwe dat der oan it ein fan de training in grutte partij kaam. SDS 1 en Scharnegoutum 1 fuotbalden 2x 20 minuten tsjin elkoar. SDS wûn mei 1-0.

De Tsjerne
Sneon al wer in muzykmiddei-jûn yn de Tsjerne. Jan Nota, de sjonger gitarist docht earst in bernematinee en dêrnei foar de iets âldere jeugd. Sjoch
hjir.

Wêr komme jo wei?
“Fan wa binne jo ien en wêr komme jo wei”, binne sa’n bytsje de standertfragen hjir yn Fryslân. It AD hat útsocht wêr’t al dy betelle fuotballers yn Nederlân wei komme. 
Sjoch en huverje.

Tsjin wa?
SDS 2 mei moarn ek wer los.
Tsjin wa?
Olympique?
Wat?
Olympique Lions 2……..

Degradeare?
As FC Twente en Fortuna Sittard no failliet gean en út de kompetysje helle wurde lykas WKE dan soenen je dochs sizze dat SDS 1 3 plakjes omheech giet……… Dan binne wy feilich!

Harsens derby (1682)
Knap binnen slein………….