SDS-League: ‘Postmeister’ pakt de wykpriis!

Weppers moandei 20-9-2021
20 september 2021
Weppers woansdei 22-9-2021
22 september 2021

It is dizze wike ‘Postmeister’ fan Jelmer Posthumus dy’t de wykpriis pakt mei 63 punten. Dit binne krekt 2 mear as ‘BarbEeltje’ Postma.

‘Happy Feet’fan Emke & Habtamu de Hoop nimt de kopposysje oer fan ‘2 minuten klaar’ fan Anouk Delfsma. Sy stiet no dield 2e tegeare mei de wykpriiswinners.

Koprinner! En dat op Prinsjesdag!

‘FC Systeemplafond’ fan Jacob-Klaas Haitsma hat de wei nei boppe fûn. Hy begie as nûmer 13 en stiet no al 5e. ‘Wout & Harm’ Auke Dijkstra gean noch hurder. Sy gean fan it 30e nei it 7e plak. Beide teams hienen 58 punten.

‘Top 10’ fan Aant Hofstra hie ferline wike mei it 25e plak noch wat sicht op de top 10, mar sakket no nei de top 10 fan ûnder……….

‘Algemeen Fons’ fan Sjoerd Rispens hat de reade lantearn oerdroegen oan ‘Kallo Legends’ fan Lourens van der Pol. Hy hat net hiel fier ôfstân naam, want Sjoerd stiet der no ien puntsje boppe.

SDS League 2021-2022 stand earste helte wike 2