Weppers woansdei 22-9-2021

SDS-League: ‘Postmeister’ pakt de wykpriis!
21 september 2021
De nije Koronarigels
23 september 2021

Pinne

Kommende sneon kin der sawol by de yngong as yn de bestjoerskeamer betelle wurde mei de pin. Dat betsjut dat SDS-sokken no ek per bin betelle wurde kinne. Tige de muoite wurdich tochten wy sa.

SDS Vr.2 mei los!

Sa ’t jim al wisten mei SDS Vr.2, oftewol SDS Vr.1 rekreaasje, freed foar it earst los en dat ek noch yn Easterein. Wy kamen moandei mei it programma, mar dat hat de KNVB ynmiddels wer wat oanpast. It programma sjocht der no sa út.

Sa ’t it no stiet sil Enne Jehannes Bruinsma de wedstriden fluitsje en is de kantine ek iepen. Tjitse en Sytse sille efter de bar, dus it wurdt fêst in noflike jûn! Elkenien is wolkom!

Floris Hiemstra lieder SDS 5

Sa krekt nei syn 50e jierdei begie it Floris Hiemstra dochs wer wat te kribeljen om wat foar SDS te dwaan. Harm-Auke en Gert-Jan Hiemstra koenen noch wol wat help brûke by SDS 5 wêrop Floris besletten hat oan te skowen as lieder fan SDS 5. Wolkom werom by de klup fan nea wei west!

Meinte-Sixmatoernoai

Tradisjoniel is der yn de hjerstfakansje wer in toernoai foar de SDS-jeugd. Oftewol it jierlijkse Meinte-Sixmatoernoai. Dit kear sil it plak fine op woansdei 20 oktober.

Koronamaatrigels

Per kommende sneon binne der wer nije fersoepelingen oankondige troch it demissionaire kabinet oangeande de Koronamaatrigels. It giet om saneamde fersoepelingen, mar it wurdt der net makkelijker op foar sportklups mei in sportkantine. Moarn kinne jim hjir lêze hoe wy ek dit appeltsje wer skilen gean………

Reinbôgeflaggen foar Fryslân


SDS docht lykas mear as 50 oare Fryske fuotbalklups mei oan de aksje ‘Regenboogvlaggen voor Fryslân’. Lykas oaren hawwe wy online in flagge plante op www.regenboogvlaggenvoorfryslan.frl en heffe op sneon 16 oktober in Reinbôgeflagge yn top op sportpark de Skoalleseize. Wy dogge dit om sjen te litten dat elkenien wolkom is by vv SDS. Je wurde aksepteare sa as je binne!
Wy steane foar ferskaat en lykweardigens! It makket by SDS net úst as je no hetero-, homo, biseksueel of oars wat binne. Elkenien is fan herte wolkom; as spiler, spylster, frijwilliger, skiedsrjochter as besiker.
Plantesto ek ien fan de 1.100 online flaggen op www.regenboogvlaggenvoorfryslan.frl?
Mochten je fragen hawwe oer de aksje dan kinne je altiten kontakt opnimme mei
* ien fan de bestjoersleden, of
* Tineke Admiraal (koördinator, e-mail tinekeadmiraal01@gmail.com)
Mei freonlik groetnis,
it bestjoer fan vv SDS

Grutte Klupaksje

Dizze hiele wike is der noch de Grutte Klupaksje ek by SDS. Jim kinne der hjir alles oer lêze.
Sneon krije de measte leden harren lotten fia de lieder:

Tegeare fiere wy de winst mei Rabo Clubsupport!

Mei Rabo ClubSupport ynfesteard Rabobank Sneek-ZuidwestFriesland in part fan harren winst yn lokale klups en ferienings. SDS hat him foar dit jier ek wer opjoen foar dizze aksje. As jim yn aksje komme moatte dan kinne jim dat hjir op de webside lêze;

Kantine iepen

Moarntejûn is de kantine fanôf in oer as 20.15 oere wer iepen. Enne Jehannes sil elkenien foarsjen fan in hapke en in snapke. Dat is him wol tafertroud.

Harsens derby (2315)

Fannemiddei yn Easterein wer de SDS Minleague mei mar leafst sa ’n 24 fuotballerkes. Tige de muoite wuridch om efkes te sjen: